Waarpraatsje: Minne freed

april 18, 2024 18:05

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in rêstige en kreaze tongersdei krije wy in minne, wiete en rûzige freed.

Tongersdeitenacht set it op in reinen. De matige wyn komt út it súdwesten, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar stiet in krêftige oant hurde westewyn. It wurdt 6 graden.

Freed reint it earst, mar letter is it ek in skoft wat drûger en in glimp fan ‘e sinne is net hielendal útsletten. Letter falle der buien. De westewyn rommet it nei it noardwesten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich. Middeis boazet de wyn fierder oan en wurdt by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd, yn it Waadgebiet stoarmich. By de noardlike kust lâns is der letter yn ‘e middei ek kâns op swiere wynpûsten. Mei 9 graden en in stûfe wyn fielt it kâld oan.

Yn it wykein feroaret der net in soad oan it ritige waar.

Jan Brinksma

april 18, 2024 18:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.