Waarpraatsje: Kâlde nacht

april 22, 2024 19:48

Turns. Foto Jan Brinksma

DE JOUWER – It bliuwt noch oant it wykein kâld, mar dêrnei giet de temperatuer omheech en wurdt it in stik nofliker. Hiel stabyl wurdt it net.

Moandeitenacht is it helder en kâld. De temperatuer leit op de measte plakken krekt boppe it friespunt. Der stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns is de noardeastewyn matich.

Tiisdei is it earst sinnich, mar yn ‘e middei rekket de loft berûn en soe der wat reinwetter falle kinne. Yn ‘e moarntiid is der net in soad wyn, mar middeis giet de wyn nei it westen en wurdt er matich. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.

Woansdei falle der wer buien.

Jan Brinksma

april 22, 2024 19:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.