Undersyk minderheidstalen op Europeeske streamingplatfoarmen

april 7, 2024 08:17 Fernijd

Netflix, Amazon Prime en Disney+ brûke mar fiif talen dy’t troch it Europeesk Hânfest fan Minderheidstalen beskerme wurde. Fan dy fiif dominearret it Katalaansk fierwei. Dy taal wurdt folge troch Galisysk, Baskysk, Lúksemburchsk en Skotsk-Gaelysk. It ûndersyk is útfierd troch de Nor Reesearch Group fan de UPV, ûnder lieding fan Katixa Agirre. Undersikers fan de universiteiten Pompeu Fabra en Santiago de Compostela hawwe dêr ek oan meidien.

Foto: pixabay.com

Undersikers hawwe gegevens analysearre fan trije ynternasjonale platfoarms dy’t streaming yn audiofisuele media oanbiede. Netflix, Amazon Prime en Disney+ binne de ûndersochte platfoarms en biede gegevens oan dy’t yn oktober 2023 sammele binne. Wat Netflix oangiet, hawwe ûndersikers rekken holden mei it taaloanbod op telefyzje. Mei achtslaan op alle oare apparaten, is it taaloanbod fan Netflix heger, mar ûndersikers rûze dat mear as de helte fan de konsumpsje fia telefyzjetastellen dien wurdt. Platfoarms brûke taal op trije manieren: yn audio, beskriuwende audio (foar blinen of minsken dy’t min sjogge) en ûndertitels.

Yn ’e Europeeske Uny is it tal abonneminten op dy platfoarms tusken 2010 en 2020 tanommen fan 0,3 nei 140 miljoen. Dat betsjut dat 41% fan de húshâldens in abonnemint op in platfoarm hat. Dy foarm fan audiofisuele konsumpsje fergruttet de mooglikheden fan tagong ta ynternasjonale ynhâld en makket it dreech om Europeeske en lokale ynhâld ta jin te nimmen.

Ut it ûndersyk komt nei foaren dat Netflix mear as santich audiotalen en hast sechstich ferskillende ûndertiteltalen biedt. Amazon Prime hat mear as sechstich talen yn sawol audio as ûndertitels. Disney+ berikt yn net ien fan de trije modellen tritich talen.

Foto: pixabay.com

Situaasje fan de minderheidstalen
Fan de tsientallen talen dy’t troch it Europeesk Hânfest fan minderheidstalen fan de Europeeske Uny beskerme wurde, is it oanbod tige krap en wikseljend. Der binne mar fiif talen op de trije platfoarms oanwêzich, en dêrfan dominearret it Katalaansk fierwei. De oare fjouwer talen binne: Galisysk, Baskysk, Lúksemburchsk en Skotsk-Gaelysk. Dy talen komme net folle foar yn beskriuwende audio, ûndertitels en audio.

Baskysk is de tredde meast brûkte taal. Netflix hat 36 audiowurken, 129 ûndertitels en 53 audiodeskriptoaren. Amazon Prima hat 118 produksjes om audio en 650 ûndertitels oan te bieden. It hat gjin beskriuwende audio. By Disney+ is neat yn it Baskysk.

Platfoarms biede minderheidstalen út steatsperspektyf oan. Yn in steat kin audiofisueel oanbod yn in minderheidstaal dien wurde, wylst dat net bart yn ’e neistlizzende steat dêr’t deselde taal sprutsen wurdt. Dat bart mei Baskysk en Katalaansk. En it bart by dûbele produksjes, mar ek by de orizjinele. Sa is de Baskyske film dy’t yn Hego Euskal Herria sjoen wurdt, net yn Iparralde te sjen.

Foto: pixabay.com

Ingelsk dominearret op de trije streamingplatfoarms, sawol kwa audio as kwa ûndertiteling. Utsûnderingen binne België en Switserlân, dêr’t it Frânsk en Dútsk mear brûkt wurde. Op it Amazon Prime-platfoarm wurde yn Dútslân, Frankryk, Spanje en Italië de fjouwer haadtalen/steatstalen sawol yn audio as yn ûndertiteling nei it Ingelsk omset. Undersyk hat ek talen oplevere dy’t net offisjeel erkend binne, mar dy’t troch miljoenen minsken yn ’e Europeeske Uny sprutsen wurde. De meast foarkommende talen op de trije platfoarms binne Arabysk, Turksk, Kantoneesk, Mandaryn, Bahasa Indonesia, Koreaansk, Hindoestaansk en Japansk.

Hoe resinter produksjes binne, yn nammerste mear audiotalen se op Netflix ferskine. Dat betsjut net dat de oerhearsking fan it Ingelsk minder wurden is, om’t goed 70% fan it folsleine oanbod yn 2023 yn it Ingelsk is. Yn ’e nije titels binne Frânsk, Spaansk en Dútsk mei 40% tanommen. Talen dy’t yn ’e Europeeske Uny net as offisjeel beskôge wurde, binne ferline jier ek yn produksje tanommen.

april 7, 2024 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.