Telefyzjeprogramma oer lûdsoerlêst fleanbasis Ljouwert

april 16, 2024 08:09

De net-sûne hurde lûdspiken by fleanbasis Ljouwert, feroarsake troch oefenflechten fan de F-35-strieljager, nimme ta. Dat docht bliken út sifers dy’t sjoernalistyk ûndersyksplatfoarm Pointer (KRO-NCRV) yn hannen hat. Fan 2020 oant en mei 2023 waard 3.182 kear in lûdspyk metten fan 110 oant 115 desibel, en 579 kear mear as 115 desibel. Dêrby is kâns op bliuwende gehoarskea.

F-35 (foto: ©Definsje)

Deun neist de fleanbasis en yn ’e omlizzende doarpen leit in permanint lûdnetwurk mei sechstjin mjitpunten. It tal piken fan tusken de 110 desibel en 115 desibel ferdûbele fan 2020 oant 2021. Fan 2021 oant 2022 naam it nochris mei 88 persint ta. Yn 2023 naam it tal piken ôf oant 532, mar dat kaam om’t de fleanbasis sân moanne ticht wie. Yn it earste fearnsjier fan 2024 is yn trochsneed in kearmannich deis 110 dB of heger metten, yn totaal 175 kear.

Bewenners kleie al jierren oer lûdsoerlêst fan fleanbasis Ljouwert, mar krije by Definsje net folle gehoar. Ferline jier frege de auditkommisje lûdsmjitnetwurk Ljouwert, stipe troch omwenners, in húsdokter en in audiolooch, yn in brief oan steatssekretaris Van der Maat om in begrinzing fan it lûd. Hja neamden dêrby in doelgetal fan 110 dB, om’t dat as in net-sûne wearde sjoen wurdt troch ûnder mear it RIVM. Mar de absolute grinswearde soe 115 dB wêze moatte, is yn de brief te lêzen, “om’t derboppe kâns op permaninte gehoarskea is.”

Gjin maksimale lûdswearde
Definsje hat no yn in reaksje witte litten dat der gjin maksimale lûdswearde komt. “Fanwegen de feiligens op ’e grûn en yn ’e loft is it normearjen fan it maksimale fleantúchlûd net mooglik. Fleaners moatte op alle mominten de romte hawwe om it nedige fermogen te selektearjen om dy feiligens te garandearjen”, lit in wurdfierder witte. Wol wurkje se oan optimalisaasje fan starten en lâningen om de lûdsbelêsting fan de F-35 foar de omjouwing safolle mooglik te beheinen.

Omwenners hawwe grutte noed, om’t Definsje yn desimber oankundige mear mei de F-35 boppe Nederlân fleane te wollen. Ljouwert wurdt dêrby ek neamd as lokaasje foar de ekstra flechten, dêr’t de lûdsoerlêst en de lûdspiken dan tanimme sille. It kabinet moat dêr yn ’e hjerst oer beslisse.

De F-35 fljocht sûnt ein 2019 fan fleanbasis Ljouwert ôf en produsearret gâns mear lûd as foargonger F-16. In startende F-35 makket likefolle lûd as fiif F-16’s byinoar en in lânjende F-35 makket likefolle lûd as tweintich F-16’s byinoar.

Pointer is tongersdei 18 april om 20.25 oere by KRO-NCRV op NPO 2 te sjen.

april 16, 2024 08:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.