Suns Europe is op ’e siik nei minderheidstalemuzikanten

april 23, 2024 08:15

SUNS Europe is in Europeesk Festival fan poadiumkeunsten yn Europeeske minderheidstalen. It wurdt holden yn Udine (Italië) yn oktober 2024. De Friuliaanske organisaasje is op ’e siik nei groepen en sjonger-ferskesskriuwers dy’t yn ien fan de minderheidstalen fan it kontinint produsearje, lykas definiearre yn artikel 1 fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden.

Boarne: SUNS Europe

It festival wol de bêste hjoeddeiske artistike produksjes yn in minderheidstaal foar it fuotljocht bringe, fariearjend fan muzyk oant film, teäter en literatuer. Suns Europe wurdt organisearre troch Cooperativa Informazione Friulana / Radio Onde Furlane, mei finansjele stipe fan de Autonome Regio Friuli-Venezia Giulia), ARLeF – Agjenzie Regjonâl pe Lenghe Furlane (Regionaal Agintskip foar de Friulyske Taal) en Fondazione Friuli. It makket ek gebrûk fan de gearwurking mei oare lokale en ynternasjonale publike en private ynstellingen.

Wa kin ynskriuwe?
De oprop jildt inkeld foar de muzykseksje en is ornearre foar bands en sjonger-ferskesskriuwers mei in muzykproduksje yn ien fan de beskerme minderheidstalen is. Alle keunstners út minderheidstaalmienskippen yn Europa (yn de geografyske betsjutting) komme yn ’e beneaming om diel te nimmen, lykas bepaald yn artikel 1 fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of minderheidstalen.

Hoe meidwaan?
Oanfregers moatte it online formulier op syn lêst 30 april 2024 ynfolje. It formulier is beskikber op de webside www.sunseurope.com/call-2024. Dêr is ek mear ynformaasje te finen oer it oanleverjen fan materiaal.

april 23, 2024 08:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.