Subsydzjeregeling foar Frysk ûnderwiis opnij iepen

april 5, 2024 08:14

Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 9 april oant en mei 1 oktober 2024 subsydzje oanfreegje foar it fuortsterkjen fan de posysje fan de Fryske taal en kultuer. Der is € 600.000,- beskikber. Op is op. De subsydzjeregeling is ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030.

Foto: Provinsje Fryslân

Deputearre Eke Folkerts: “Mei de subsydzjeregeling Frysk foar no en letter kinne skoallen ekstra stipe krije foar it útfieren fan harren ambysjes foar it Frysk. Wy ynvestearje mei Taalplan Frysk 2030 yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s.”

Frysk foar no en letter
Alle ûnderwiissektoaren komme yn oanmerking foar subsydzje: berne-opfanglokaasjes, primêr en fuortset ûnderwiis, mbû, hbû, wû en spesjaal ûnderwiis. Der kin subsydzje oanfrege wurde foar fjouwer kategoryen: Skoalling of neiskoalling, Les- en lêsmateriaal, Kultueredukaasje en Frijroasterjen. In skoalle kin de kategory ien kear in oanfraach dwaan yn dizze perioade.

De subsydzjeregeling bestiet sûnt 2021 en giet yn april foar de fiifde kear iepen. Skoallen witte de regeling goed te finen: ferline jier gie de regeling trije moanne earder ticht, omdat it maksimumbedrach berikt wie. Yn 2023 wie € 400.000,- beskikber.

Taalplan Frysk 2030
It projekt Taalplan Frysk 2030 wurket oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. De provinsje set him dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Ûnderwiisburo Semko en Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO).

Mear oer de subsydzjeregeling: https://www.fryslan.frl/fy/fryskfoarnoenletter;
Mear oer Taalplan Frysk 2030: www.taalplan.frl.

april 5, 2024 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.