Soad klachten tsjin Johan Derksen oer opmerking Habtamu de Hoop

april 11, 2024 08:45

“Om hiel earlik te wêzen haw ik net safolle tiid en nocht oan dizze flauwekul.” Sa reagearret GrienLinks-PvdA-Keamerlid Habtamu de Hoop op in opmerking fan Johan Derksen yn it telefyzjeprogramma Vandaag Inside. De Hoop kriget op X in protte byfal fan oare politisy.

Besjoch it filmke fan Habtamu de Hoop:

De reaksje fan Mark Rutte op X:

Habtamu de Hoop (foto: Wikipedia/Partij van de Arbeid – CC BY 2.0)

Oant woansdeitejûn binne der al 130 klachten ynkommen by Discriminatie.nl. Fan de 140 klachten komme sa’n fjirtich út Fryslân sels. It lanlik meldpunt tinkt deroer nei oft oanjefte tsjin Derksen dien wurdt, lykas ek De Jongfryske Mienskip dat ek sterk oerwaget. Talpa Network wie woansdei de hiele dei ûnberikber foar kommentaar.

“Hy is dochs gjin Fries, kom op sis”, sei Derksen tiisdeitejûn oan tafel fan it populêre praatprogramma. “Ik bin dochs ek gjin Surinamer?” Yn it programma waard in fragmint toand dêr’t De Hoop, dy’t út Wommels komt, foar behâld fan de Fryske taal opkomt. “Dy stiet dochs út syn nekke te lullen”, sei de kommentator.

Neffens Derksen hat it Keamerlid gjin rjocht om oer de Fryske taal te praten, om’t er net yn Fryslân berne is. “Nou Johan, ik bin Frysk”, seit De Hoop yn in fideo op X. “Ik bin opgroeid op in pleats yn Wommels. Grutbrocht troch twa Fryske âlden, dêr’t ik keatste, fuotballe, trekkerried, reedried, molk en stront skepte. Want ek de minder moaie putsjes hearre derby op in Fryske buorkerij.”

De Hoop krige ûnder mear byfal út it demisjonêre kabinet. “Goeie reaksje, Habtamu de Hoop”, skriuwt premier Rutte (VVD) yn it Frysk op X. D66-lieder Rob Jetten: “Terjochte in protte lilke reaksjes op dizze ‘grap’. Poere rasisme op nasjonale telefyzje.” “Skamteleas”, neamt minister Hugo de Jonge fan Ynlânske Saken de opmerkingen fan Derksen. “It soarte aldendeisk rasisme dêr’t te folle minsken alle dagen mei konfrontearre wurde. Dêr sille wy ús dus ek alle dagen tsjin útsprekke moatte. Net normaal meitsje wat net normaal is.” Ald-PVV-Keamerlid Beertema skriuwt dat Vandaag Inside dêr “de boaiem wol mei rekke hat”. “Hy praat Frysk, hy sykhellet Frysk, hy dielt de Fryske kultuer lykas gjin inkelde oare Fries dy’t ik ken. Wat is er dus? In grutske Fries.”

“Dat de klachten út it hiele lân komme, jout oan hoe breed oft de lilkens is”, seit Mirka Antolovic, direkteur fan Tûmba, it kennissintrum foar diskriminaasje en ferskaat yn Fryslân. “Minsken wolle witte litte dat se de útspraken te fier gean fine. In protte roppe ús op om as organisaasje oanjefte te dwaan. Wy tinke deroer nei oft dat in opsje is of dat wy earst mei Talpa yn petear geane.”

De Jongfryske Mienskip hat ek in klacht yntsjinne. Oanjefte dwaan by de plysje wurdt sterk oer neitocht, meldt bestjoerder Sjoerd Groenhof. De Jongfryske Mienskip hie woansdeitemiddei in petear mei in delegaasje fan Discriminatie.nl. De útspraken fan Derksen neame se der fier by troch. “Wy litte dit net samar oan ús foarby gean”, seit Groenhof. “Habtamu is in foarbyld-Fries, in kanjer. It is net oan Derksen om te bepalen oft er wol of net Fries is. Hy moat fan Habtamu ôfbliuwe en him al hielendal net op syn hûdskleur en komôf beoardielje. Vandaag Inside is in polarisearjend programma oan it wurden. Talpa moat goed neitinke oft dêr wol takomst foar is.”

Derksen liet justerjûn yn Vandaag Inside witte dat er net fan doel is om ekskuzen foar syn opmerking oan te bieden, om’t de opmerking neffens him net rasistysk bedoeld wie. Hy wist net dat De Hoop as poppe fan acht moanne troch Fryske âlden adoptearre is en yn Fryslân opwoeksen is.

april 11, 2024 08:45
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Thomas de Lieder april 11, 15:47

    De wierheit hat in skel lûd…
    It ekstremistyske kanseljende wokisme libbet noch en foaral by politisy

  2. Rommert Tjeerdsma april 17, 10:41

    Foar my is in Fries eltenien dy’t him of har Fries fielt. As dy in Fryslân opgroeid is en Frysk praat fyn ik dat ek hiel fanselssprekkend.
    Ik fyn it misledigjend as in bûtensteander lykas Johan Derksen mient bepale te kinnen wa’t in Fries is.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.