Sân miljoen euro beskikber foar ynnovaasjeregeling

april 8, 2024 08:18

De Mkb-ynnovaasjestimulearring Regio en Topsektoaren (MIT) stimulearret ynnovative ûntwikkelingen. Foar twa fan de subsydzjes út dit programma stelle de trije noardlike provinsjes mei it Ryk yn 2024 in totaalbedrach fan goed 7 miljoen euro beskikber: de MIT Haalbaarheid en de MIT R&D Samenwerking. Fan tiisdei 9 april 2024 ôf is de earste subsydzje beskikber, fan de MIT Helberens. De MIT R&D Gearwurking folget op tiisdei 11 juny 2024.

Foto: SNN

Deputearre Friso Douwstra: “Dit jier wol ik ús Fryske ûndernimmers wer oproppe om gebrûk te meitsjen fan de subsydzjeregeling. It is wichtich dat ûndernimmers har ûntwikkelje en ynnovearje kinne. Wa’t as ûndernimmer in ynnovatyf idee hat, kin mei dizze subsydzje dêr de helberens fan ûndersykje. It SNN en Ynbusiness kin jin dêrby helpe.”

Wêr kin de MIT Helberens foar brûkt wurde?
Mei de subsydzje MIT Helberens kin in mkb’er stipe krije foar it útfieren fan in helberheidsûndersyk. Dêr wurdt mei yn kaart brocht oft it projekt ekonomysk en technysk helber is. De mkb’er bepaalt sels op hokker fragen dat er in antwurd krije wolle. Dy fragen besiket er yn it helberheidsprojekt te beäntwurdzjen. Dêrmei kriget er in oersjoch fan de sterke en swakke kanten, kânsen én risiko’s fan syn projekt. Op basis fan it helberheidsûndersyk nimt er úteinlik in beslissing oft er echt ta de ûntwikkeling fan syn ynnovative idee oergiet. Mei de subsydzje is oant 40% fan de kosten foar bygelyks materiaal, oeren en it ynskeakeljen fan in saakkundige fergoede te krijen. It maksimale subsydzjebedrach is € 20.000,- foar elts projekt.

Wêr kin de MIT R&D Gearwurking foar oanfrege wurde?
De subsydzje MIT R&D Gearwurking is beskikber foar ûndernimmers dy’t gearwurkje oan in ûndersyks- en ûntwikkelingsprojekt. Mei de subsydzje wurdt mei-inoar in nij (prototype) produkt, tsjinst of proses dat ticht by de merk stiet ûntwikkele. Der is subsydzje beskikber oant 35% fan de kosten foar ûnder oaren personiel, apparatuer en materiaal. De subsydzje kin oanfrege wurde fia de side fan it SNN: MIT Haalbaarheid 2024.

Startup Tapp krige earder subsydzje foar helberheidsûndersyk
Startup Tapp die mei help fan subsydzje in helberheidsûndersyk foar it ûntwikkeljen fan papieren dataloggers. Dataloggers binne lytse kompjûters dy’t de kondysjes yn in kontener mjitte by it transport fan bygelyks griente, fruit of medisinen. Se mjitte de temperatuer, luchtfochtichheid, trillingen en ljochtynfal om de reis fan de produkten te monitoarjen. Tapp ûndersiket oft elektroanyske dataloggers ferfongen wurde kinne troch papieren ferzjes om sa de hoemannichte elektroanysk ôffal tebek te kringen.

april 8, 2024 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.