Residinsje yn ’e geast fan Dada yn Keunsthûs SYB

april 25, 2024 08:13

Trije keunstners – Reinout Scholten van Aschat, Bas van den Hurk en Jochem Laarhoven –  hâlde oant en mei 12 maaie yn Keunsthûs SYB yn Beetstersweach ta foar in ûndersyksresidinsje mei de titel ‘Part 54 or: reel real pul, and this part is no longer ly handy here’.

Boarne: Keunsthûs SYB

It ûndersyk by SYB hat in stikmannich histoaryske eleminten fan it Dada-erfgoed yn Fryslân as útgongspunt. De avant-gardebeweging Dada begûn yn de Earste Wrâldoarloch mei útfieringen en fersteuringen dy’t ûnsin, yrrasjonaliteit en anty-kapitalisme omearmen. Yn 1923 organisearren û.o. Kurt Schwitters, Theo en Nelly van Doesburg en de bruorren Rinsema yn Drachten Dada-fjildtochten, in rige fan dadaïstyske foarstellingen. Dat wie ien fan de lêste offisjele Dada-optredens.

De keunstners wurkje by SYB yn ’e geast fan it multydissiplinêre karakter fan Dada. Se litte har ynspirearje troch it gedicht ‘The Onion’ (1919) fan Kurt Schwitters en it artikel Dadaismus in Holland yn Merz Magazine út 1923. Yn it gearwurkingsferbân hawwe de trije keunstners in mienskiplike fassinaasje ûntwikkele foar de sipel. Sy sjogge de sipel as in net-minsklike protagonist fan harren aventoeren yn Beetstersweach en omkriten. Hoe’n ferhaal kinne we fertelle oer de sipel dat de sipel sels oertreft? Sitte der politike diminsjes oan?

De residinsje kriget letterlik en figuerlik de foarm fan in fjildtocht dêr’t ferskate minsken en dissiplinen by oanheakje. De materialen dy’t se yn dy kontekst sammelje, sette de keunstners om yn teätrale sênes, se meitsje der audio-kollaazjes fan, muzyk, performances, iten en koarte films. De residinsje wurket ta op in publike presintaasje yn maaie 2024.

Oer de keunstners
Sûnt 2018 wurkje Reinout Scholten van Aschat (°1989), Bas van den Hurk (°1965) en Jochem van Laarhoven (°1988) mei-inoar oan in ûndersyk nei de ferhâlding tusken byldzjende keunst en teäter. Ut dat ûndersyk wei bringe se gâns media byinoar yn ynstallaasjes en foarstellingen. Yn dy mearfoarmigens sit de urginsje om in wichtige modernistyske fraach op te pakken: hoe libje wy mei-inoar gear en hoe jouwe wy dêr foarm oan?

Reinout Scholten van Aschat, Bas van den Hurk en Jochem van Laarhoven partisipearje ek yn it kollektyf It is part of an ensemble, in wikseljende groep fan likernôch tweintich keunstners, dramaturgen, akteurs, performers, saakkundigen en studinten dy’t mei-inoar residinsjes dogge en tentoanstellingen, foarstellingen en publikaasjes fersoargje. Resinte tentoanstellingen binne û.o.: Museum De Pont, Tilburg; Club Solo, Breda; Joseph Tang, Parys (FR); Bonnefantenmuseum, Maastricht; Dürst Britt and Mayhew, De Haach.

april 25, 2024 08:13
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sybke april 25, 09:17

    Ien fan dy trije, bas van den hurk, stelt der priis op om syn namme mei lytse letters te staverjen. No kin men der ferskillend oer tinke, mar as typyske skriuwflaters en nuvere tekens yn nammen tastien binne, kinne wy dy lytse b ek wol akseptearje. Of soe dat earst offisjeel yn it persoansregister fêstlein wurde moatte?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.