Radi Suudi jout fergees frijheidskolleezje oer konflikt Palestina en Israel

april 17, 2024 08:14

Op snein 21 april jout Radi Suudi (1957) in kolleezje oer it hjoeddeiske konflikt tusken Palestina en Israel. It kolleezje makket ûnderdiel út fan de frijheidskolleezjes dy’t troch ferskate sprekkers yn hiel Nederlân jûn wurde en dy’t jong en âld ynspirearje om oer de wearde fan frijheid nei te tinken.

Radi Suudi (boarne: Frysk Museum)

Oer Radi Suudi
Radi Suudi (1957) is freelance sjoernalist, konsultant en oprjochter fan de Stichting Joods-Palestijnse Dialoog. Hy studearre politikology en hat de lieding fan in advysburo dat op ynterkulturele kommunikaasje rjochte is, in ûnderwerp dêr’t er ferline jier ek in hânboek oer publisearre. Suudi groeide op yn Hilversum yn in húshâlding mei in Nederlânske mem en in Palestynske heit. De situaasje yn it Midden-Easten hâldt him, as sjoernalist en sosjaal wittenskipper, al jierren dwaande. Mei syn stichting brocht er Israelys en Palestinen mei-inoar yn kontakt. Yn syn frijheidskolleezje dielt er de ûnderfiningen dy’t er op syn reizen yn it Midden-Easten opdie. Dy ferwevet er mei de skiednis fan syn Palestynske famylje.

Praktyske ynformaasje
It kolleezje wurdt holden yn it Frysk Museum fan 13.00 oant 14.15 oere en wurdt mooglik makke troch Befrijingsfestival Fryslân en it Frysk Fersetsmuseum. Tagong is fergees, mar de kapasiteit is beheind. It is dêrom needsaaklik om online alfêst in plak te reservearjen. Mear ynformaasje is te finen op friesverzetsmuseum.nl/vrijheidscollege.

Frysk Museum (foto: Ruben van Vliet)

Oer Stichting Vrijheidscolleges
Stichting Vrijheidscolleges makket sûnt 2013 programma’s oer libben en oarloch en konflikt, demokrasy en rjochtsteat. Bekende sprekkers wurde oan aktuele tema’s keppele dy’t in bûnt publyk oansprekke. De stichting strykt alle jierren del op lokaasjes yn hiel Nederlân, lykas teäters, biblioteken en festivals. Mei jierliks mear as fyftich programma’s wurde yn trochsneed tsientûzen minsken berikt.

april 17, 2024 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.