Provinsje ynvestearret hast € 300.000 yn 80 jier frijheid
Resint ferskynd
De provinsje Fryslân ynvestearret hast € 300.000,- yn de fiering fan 80 jier frijheid yn 2025. Neist de strukturele ynvestearringen, lykas bydragen foar it Befrijingsfestival Fryslân en Feteranedei, wurdt om de fiif jier ekstra omtinken jûn oan it fieren fan de frijheid. De fokus leit takom jier op it belûken fan de jongerein, de fiering fan de Fryske provinsjale befrijing op 15 april 2025 en it fertellen fan it Ferhaal fan Fryslân.

Foto: Wikipedia/Minister President – lisinsje CC BY 2.0
“En dat dogge wy, omdat it yn it hjoeddeiske tiidrek fan grut belang is om stil te stean by frijheid. Wy moatte ús realisearje dat oarloch yn Europa gjin byld is út in fier ferline, mar spitigernôch fan dizze tiid. Frijheid is net sa fanselssprekkend as it liket,” seit deputearre Sijbe Knol. Sa ynvestearret de provinsje € 100.000,- yn de Fryske provinsjale befrijing op 15 april 2025, dêr’t de kearngroep Fryslân Betinkt & Fiert foar frege is om syn projektfoarstel Brêge nei Frijheid út te fieren. Om 15 april hinne wurdt troch lokale ferhalen it Fryske ferhaal út de oarloch ferteld. Dat slút goed oan by it fertellen fan it Ferhaal fan Fryslân.
Omdat it libjen mei oarloch fan alle tiden is, belûkt it kolleezje de jongerein aktyf by de fiering fan 80 jier frijheid. It kolleezje stelt dêr € 50.000,- foar beskikber oan it Frysk Fersetsmuseum foar it opstellen fan in edukaasjeprogramma, yn gearwurking mei partners yn it fjild. “Wy moatte derfoar soargje dat wy de oantinkens oan folgjende generaasjes trochjouwe. Dêr leit wat ús oanbelanget in taak foar ús as provinsje”, seit Knol.

Foto: pixabay.com
Dêrneist krije sawol it Befrijingsfestival Fryslân as de Feteranendei harren jierlikse bydrage. Der kin ek in oanfraach yntsjinne wurde by it Vfonds ûnder de lanlike regeling ‘80 Jaar Vrijheid’.
Knol beklammet it spitich te finen dat der bepaalde byldfoarming ûntstien is oangeande de fiering fan 80 jier frijheid yn Fryslân. “Mar nettsjinsteande de feroarjende finansjele situaasje fan de provinsje, lit it kolleezje sjen grutte wearde te hechtsjen oan de fiering fan 80 jier frijheid yn 2025.”






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje