Posthumus Konferinsje: Regionale skiednis yn in mondiale kontekst

april 12, 2024 08:16 Fernijd

It N.W. Posthumus Ynstitút en de Fryske Akademy organisearje de Posthumus Conference 2024. Dy wurdt op tongersdei 23 en freed 24 maaie holden yn Ljouwert by de Ryksuniversiteit Grins, Kampus Fryslân. It tema is regionale skiednis yn in mondiale kontekst.

Boarne: Fryske Akademy

De haadlêzing wurdt fersoarge troch prof. Nikolaus Wolf fan de Humboldt Universiteit út Berlyn. It ko-referaat wurdt holden troch prof. Marijn Molema (Ryksuniversiteit Grins/Planbureau Fryslân), dy’t earder ferbûn wie oan de Fryske Akademy. Njonken de haadsprekkers binne der presintaasjes fan promovendy, netwurksesjes, in diplomaseremoanje by it konferinsjediner en in ôfslutend slokje. It organisaasjekomitee bestiet út: Hanno Brand (Fryske Akademy), Jessica Dijkman, Rogier van Kooten, René van Weeren en Amber Verspui (N.W. Posthumus Ynstitút).

Foar de konferinsje is in spesjale webside ynrjochte mei oanfoljende ynformaasje oer it programma, it tema, oernachtingsmooglikheden ensfh.

Undersyksskoalle
It N.W. Posthumus Ynstitút is in ûndersyksskoalle yn Nederlân en Flaanderen foar de ekonomyske en sosjale skiednis. It is ek in gearwurkingsferbân fan fyftjin universiteiten en ûndersyksynstituten. It ynstitút stimulearret sûnt 1988 ynnovatyf en foarútstribjende ynterdissiplinêr ûndersyk op it mêd fan ekonomyske en sosjale skiednis troch it stimulearjen en stypjen fan mienskiplike ûndersyksprogramma’s tusken de dielnimmende ynstellingen.

april 12, 2024 08:16 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.