Bywurke: Aaipopfestival giet dochs troch

april 1, 2024 12:30

It bestjoer fan Aaipop yn Nijlân hat fia de webside buorkundich makke dat it muzykfestival ophâldt. Mei it each op de ûntwikkelingen fan de lêste jierren sjocht it bestjoer gjin takomst mear yn it fuortsetten fan it grutste Frysktalige festival fan de wrâld. De oprinnende regeldruk út de (lokale) oerheid, de hegere kosten yn it algemien en it amper rûn krijen fan in groep frijwilligers, binne de redenen om no de handoek yn ’e ring te smiten.

Boarne: aaipop.frl

“Wy hawwe gjin wille mear oan it organisearjen fan Aaipop”, lit foarsitter Jeroen Postma optekenje. Hy beklammet dat it gjin 1-aprilgrap is. “Dat is in bikkelhurde konklúzje, mar wol de bittere werklikheid. We hawwe it jierrenlang mei in protte wille dien, mar it punt wêrop it enerzjy kostet yn plak fan opsmyt leit al in skoft efter ús.” Om’t it finen fan nij bestjoerstalint nei in moannenlange syktocht neat opsmiten hat, bliuwt der gjin oare opsje oer as in punt te setten efter it festival, wat yn 2024 noch syn 35e edysje fiere sil. “Dêrnei brekke we Aaipop ôf, sawol it festivalterrein as de administraasje. In lêste bestjoersútstapke besegelet it lot fan dizze fantastyske groep minsken. Peaskemoandei sil yn ’e takomst, lykas yn it ferline, wer in stille dei wurde.”

Lês ek dit berjocht fan It Nijs: www.itnijs.frl/2024/03/aaipop-2024.

Bywurke moandei 1 april 2024, 12.30 oere: De organisaasje fan Aaipop lit witte dat it dochs om in 1-aprilgrap giet. It festival giet troch, mar it eardere berjocht is in warskôging foar de takomst. Dat is te lêzen op de webside fan Aaipop.

april 1, 2024 12:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.