Opfrysker: letste?

april 18, 2024 07:00 Fernijd
april 18, 2024 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Tseard april 18, 23:37

    In dúdlik foarbyld fan hoe’t it Hollânsk ús sprake fergriemmanket.

  2. Henk Wolf april 19, 12:32

    Nee, dit is no krekt net in foarbyld fan Hollânske ynfloed, mar fan de ynfloed fan it systeem sels. De wurden foar “lêst” binne fanâlds yn alle West-Germaanske talen ûnregelmjittich en ûnbewust fiele minsken altyd wat druk om sokke útsûnderingen út de taal wei te wurkjen.

    It Hollânsk hat dat dien troch “lest” te ferfangen troch “laatst” (op in pear fêste útdrukkingen lykas “lest best” nei, fansels). Yn it Dútsk is “laat” ferlern gongen, mar dialektysk komt it noch foar en de oergong fan “lest” nei “letzt” lit noch ynfloed fan dy dialektfoarm sjen. Yn it Ingelsk ha it âldere “last” en it nijere “latest” beide in part fan it betsjuttingsfjild krigen. Dat jildt ek foar “lääst” en “leetst” yn it Sealterfrysk.

  3. Tseard april 19, 15:54

    Tenei sil ik better etymologysk ûndersyk dwaan ear’t ik myn konklúzjes lûk. Ik siet der neist. Tige tank Henk.

  4. HE april 20, 02:03

    Soks wie miskien foar te kommen west troch in dúdlik ûnderskied te hâlden by it skriuwen yn lest en lêst, it Hollanske last en laatsts:
    Ik stie lêst[en] lêst yn de rige by dokter om’t ik lest fan de rêch hie.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.