Oant 1 maaie noch ynstjoere foar de Rely

april 17, 2024 08:13

It is de santichste kear dat de Rely Jorritsmapriisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 1 maaie syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere.

Rely Jorritsma (boarne: It Skriuwersboun)

De sjuery, dy’t de ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei tûzen euro. De ynstjoeringen moatte digitaal as taheakke ferstjoerd wurde oan rely@stiftingflmd.frl.

Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery, besteande út Oene Spoelstra, Marrit de Schiffart en Gerbrich van der Meer.

Foar mear ynformaasje sjoch de webside: www.stiftingflmd.frl.

april 17, 2024 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.