Moasjes oer it Frysk oannommen troch grutte mearderheid Twadde Keamer

April 4, 2024 09:28

In grutte mearderheid yn de Twadde Keamer naam fan ’e wike in searje moasjes oer it Frysk oan.

Boarne: Twadde Keamer

Dêr siet in moasje by om it Frysk by de rjochtbank better te regeljen, mar ek ien foar it wetlik regeljen fan in grutter Frysk media-oanbod, ek op it mêd fan drama. Mirjam Bikker fan de ChristenUnie tsjinne ôfrûne wike in moasje yn om Frysktalich media-oanbod yn de wet te ferankerjen. It advyskomitee fan de Rie fan Europa konstatearre earder al dat it Fryske media-oanbod kwetsber is, ûnder mear om’t it net fêstlein is yn de Mediawet of yn de Wet gebrûk Fryske taal.

Oare moasjes fregen om mear Frysk yn it strjitbyld en in plak foar it Frysk op de ID-kaarten.

April 4, 2024 09:28
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Fridunanth April 5, 11:43

    Spegeltsjes en kraaltsjes yn ruil foar stimmen=macht=jild.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.