Mear natuer yn polder Siderius by Earnewâld

April 29, 2024 08:18 Fernijd

Yn polder Siderius by Earnewâld wurdt yn 2024 36 bunder natuer realisearre. Dat stiet yn de fjirde útfieringsmodule Alde Feanen, dêr’t it kolleezje fan Deputearre Steaten op 23 april mei ynstimd hat. Yn dy module wurde maatregels om ferdrûgjen tsjin te gean foarsteld. Dy meitsje ek it ûntwikkeljen fan ekstra natuer mooglik.

Sideriuspolder (foto: Provinsje Fryslân)

It giet om it gebiet krekt foar de yngong nei Earnewâld, oan de linkerkant fan de Feantersdyk, tusken de Alle om ’e Slachte en de Koaidyk. Dat is in noch ûntbrekkende skeakel yn de ferbining fan natuer om Earnewâld hinne. Mei de ynrjochting fan dat gebiet ûntstiet in gehiel mei hegere wetterpeilen, goed foar it behâld fan it fean en de dêrby passende natuer. Winterdeis kinne de legere dielen langere tiid ûnder wetter stean. Dêr kin oerstreamingsgreidlân ûntstean. Op de hegere plakken, mear lizzend op de flanken fan de sânrêgen, kinne mei it ôfgraven fan in part fan de boppegrûn de goede omstannichheden kreëarre wurde foar de ûntwikkeling fan wiet skraal lân. De rest fan it terrein wurdt fochtich-drûch krûde- en faunaryk gerslân.

“Yn de gebietsûntwikkeling Alde Feanen binne en wurde maatregels útfierd dy’t sawol de natuer as it belibjen fan de Alde Feanen fersterkje. It is in natuergebiet dêr’t ferskillende funksjes yn gearkomme: wetter, lânbou, natuer en rekreaasje”, seit deputearre Matthijs de Vries. De fjirde útfieringsmodule is opsteld troch de gebietskommisje Alde Feanen, yn opdracht fan de provinsje Fryslân. De gebietskommisje wurket yn dizze module gear mei ûnder oaren de provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân, de gemeente Tytsjerksteradiel en It Fryske Gea (as tydlik behearder fan it gebiet).

Mear ynformaasje oer de gebietsûntwikkeling Alde Feanen is te finen op Alde Feanen | Fryslân.

April 29, 2024 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.