Man wurdt wekker yn mortuarium en skillet de plysje

april 15, 2024 08:13

In meiwurker fan in útfeartsintrum hat midden yn ’e nacht in man út in mortuarium befrijd. De man wie yn ’e sliep fallen nei’t er ôfskied fan in ferstoarne freon nommen hie.

Foto: pixabay.com

De âldere man skille 112 om’t er yn in mortuarium wekker waard, skriuwt in sintralist fan de meldkeamer fan de plysje East-Nederlân op sosjale media. “Ik wit efkes net wat ik sizze moat”, skriuwt de sintralist. “Der sjitte my wat bylden troch de holle fan in âld man mei griis hier yn in lang nachthimd op bleate fuotten yn in mortuarium, mei dêrnjonken in iepen kiste fansels.”

De man waard koart nei it telefoanpetear út it mortuarium rêden. De sintralist is in moai ferhaal riker. “Ik haw yn ’e nachttsjinst in protte gekke meldingen hân, mar dizze ferjit ik nea mear.” Hoe’t de man nei slutingstiid yn it mortuarium sitten bliuwe koe, is net bekend. Likemin is dúdlik hoe lang oft er dêr lein hat te sliepen.

april 15, 2024 08:13
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. J. Slager april 15, 18:36

    Prachtich!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.