Limburchske berne-opfang docht kennis op yn Fryslân

april 18, 2024 08:18

Op tongersdei 18 april komt in groep fan likernôch achttjin pedagogysk en beliedsmeiwurkers fan twa berne-opfangorganisaasjes út Limburch nei Fryslân. Se sille op njoggen ferskillende lokaasjes fan Skik, Doomijn en Thuishuis yn en om De Jouwer sjen hoe’t yn de Fryske berne-opfang mei in twatalich belied wurke wurdt.

Wylst op alle lokaasjes yn Limburch wol bern te finen binne dy’t fan hûs út Limburchsk prate, hie de taal oant no ta faak gjin struktureel plak yn de opfang en it aktiviteite-oanbod. Yn novimber 2023 binne twa berne-opfang organisaasjes ûnder begelieding fan in projektgroep fan oan ’t Hoes veur ’t Limburgs begûn mei in proef om dêr feroaring yn te bringen. Op seis proeflokaasjes wurdt der nei ta wurke om it Limburchsk in fêst plak te jaan yn it programma. Der binne aktiviteiten ûntwikkele en guon pm’ers hawwe hawwe har ûnderwilens oanwend om it Limburchsk konsewint yn te setten by aktiviteiten of as fiertaal. De wurkbesite oan Fryslân is organisearre om kennis, ideeën en ynspiraasje op te dwaan foar in ferfolch fan de proef.

Yn Fryslân is it wurkjen mei in twatalich belied yn de berne- en pjutte-opfang ûnderwilens earder de noarm as de útsûndering. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) hat fan de Provinsje Fryslân de taak krigen om oanbieders te entûsjasmearjen en te helpen om sa’n belied yn te fieren. SFBO jout begelieding op de wurkflier en regelet ek de kwaliteitshifking foar it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’. Troch de jierren hinne binne sa’n 300 lokaasjes begelaat. Op dit stuit binne 260 lokaasjes sertifisearre of dwaande mei in trajekt om sertifisearre te wurden. De measte lokaasjes fan Skik, Doomein en Thuishuis wurkje al jierren folslein twatalich.

It SFBO hat de Limburchske projektgroep by de proef bystien mei advys en materialen. Sa is de Fryske Taalgroeimeter oanpast foar it Limburchsk en ûnderbrocht op de side fan SFBO en hat in meiwurker fan SFBO yn Limburch west op advizen te jaan op de wurkflier.

Sjoch op www.taalgroeimeter.nl/limburg foar mear ynformaasje.

april 18, 2024 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.