Kultuernotysje 2025-2028 bekend makke

april 21, 2024 08:15

De kultuernotysje 2025-2028 fan de Provinsje Fryslân hat de titel ‘Tosken yn in nije tiid’ meikrigen. De fokus leit op it jaan fan kânsen oan de jongerein. En op in brede tagonklikheid fan kultuer yn Fryslân foar elkenien, yn ’e stêd en op it plattelân.

Aaipop 2023 (foto: Piet Douma Fotografie)

De kultuernotysje is ôfrûne tiisdei nei de twadde lêzing troch Deputearre Steaten fêststeld en wurdt op it stuit noch opmakke en oerset. De bedoeling fan de provinsje wie om de notysje op freed 10 maaie oan de parse te presintearjen. Mar fanwegen publikaasje freed yn it Frysk Deiblêd, op basis fan in konseptferzje, fielde de provinsje de needsaak om de notysje deselde deis noch mei parse en ynwenners te dielen. It giet om de ‘keale’ ferzje, sûnder opmaak en Fryske oersetting, mar oan de ynhâld feroaret neat mear.

Deputearre Sijbe Knol jout oan grutsk op de notysje te wêzen. Syn foaropwurd is hjirûnder te lêzen.

Foaropwurd deputearre Sijbe Knol
‘Foar jo leit de nije kultuernota mei de namme ‘Tosken yn in nije tiid’. De beliedsnota foar keunst en kultuer foar de perioade 2025 oant en mei 2028. As Provinsje ynvestearje wy de kommende jierren wer rom yn it Fryske kulturele fjild. Dat dogge wy omdat keunst en kultuer ús wat wurdich is. Mei in eigen taal, in ferline en in takomst wêrby’t wy yn ferbining steane mei Europa en de wrâld, selsbewust en grutsk op wa’ t wy binne. Mei in ryk kultureel fjild dêr’t romte foar talintûntwikkeling yn is: fan de toanielfoarstelling dy’t it doarpshûs mei kloften minsken fol kriget, it âldste festival fan Nederlân – it Veenhoopfestival – oant grutte produksjes as De Tocht en de triënnales fan Arcadia, dy’t minsken út it hiele lân en fier dêr bûten nei Fryslân bringe. En ferlike mei oare provinsjes in hiel soad museums. Fryslân hat it en rêdt dermei!

Yn dizze nota sjogge jo benammen ek in soad omtinken foar ús jongerein en de tagonklikens ta keunst en kultuer. Mei 412 doarpen en 11 stêden besykje wy elkenien tagong te jaan om op in ûntdekkingsreis te gean. Him of har te ûntwikkeljen en kânsen te jaan. It slút dêrmei ek goed oan by it advys fan de Ried foar Kultuer oer it lânlik kultuerbestel: tagonklikens en regionale sprieding. Wy hoopje dan ek op in radikale stelselwiziging foar de perioade nei 2029. Us ynset op in mear rjochtfeardige ferdieling fan middels sil sûnder ophâlden trochset wurde.

As Provinsje binne wy grutsk op ús kulturele fjild. Keunst en kultuer fertelle de ferhalen dy’t ús bine troch. Somtiden hâldt it ús ek in spegel foar en dat is wichtich yn it rûzige tiidrek dêr’t wy yn libje. Wy sette ús tosken yn in nije tiid, mei-inoar foar in ryk kultureel lânskip yn Fryslân!’

Taheakke: Kultuernotysje 2025-2028 ‘Tosken yn in nije tiid’

april 21, 2024 08:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.