Krúspuntdei 2024 op 20 april

april 11, 2024 09:56

De stichting Krúspunt – moetingsplak foar organisaasjes en persoanen dy’t mear wolle en kinne mei it Frysk yn en om tsjerke – hâldt op sneon 20 april syn jierlikse Krúspuntdei yn Akkrum, op it bewende plak De Lantearne, Dringelstrjitte 13. De ynrin is om 10.00 oere. Elkenien dy’t niget hat is wolkom. De tagong is fergees, mar in bydrage foar de ûnkosten wurdt op priis steld.

Yn it moarnsprogramma komme bestjoerssaken lykas jierferslaggen oan ’e oarder en sil der ynformaasje jûn wurde oer:
* de kursus Leauwe yn Fryslân 2015-2024
* Zoeken en vinden. Noordmans en de Friese spiritualiteit
* It Bern dat oer it wetter blaast: Aggie van der Meer en Markus 10:13-16

Yn it skoft (12.15 o.) is der in kop sop foar by it sels meinommen brochje en is der gelegenheid om in kuier troch de liturgyske tún te meitsjen.

Middeis (13.00-15.00 o.) sil Hinne Wagenaar it hawwe oer hoe’t it der by Kleaster Westerhûs foarstiet en Ageeth de Vries oer it omgean mei meartalichheid yn tsjerklike gemeenten.

Tusken de bedriuwen troch sil moarns en middeis ûnder lieding fan Geart van der Heide en it Huzumer Kwartet in kearmannich songen wurde út Hertslach fan in stjer, in kantate fan Eppie Dam (tekst) en Jan de Jong (muzyk).
Om 15.15 oere wurdt de dei mei in fesperfiering yn de Terptsjerke ôfsletten.

april 11, 2024 09:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.