KFG-Sieperda-sympoasium: UNESCO-erfgoed yn Fryslân: seine of lêst?
Resint ferskynd
Op freed 17 maaie 2024 organisearret it Keninklik Frysk Genoatskip yn gearwurking mei Tresoar en de Fryske Akademy it folgjende KFG-Sieperda-sympoasium oer de fraach wat it ynhâldt om it UNESCO-logo fiere te meien.

Foto: Tresoar
Yn de ôfrûne jierren hat in opfallend soad Frysk erfgoed in UNESCO-predikaat krigen: it Waad, it Woudagemaal, de Aldfryske wetsteksten fan de Richthofenkolleksje, it Eise Eisinga Planetarium en Ljouwert City of Literature. Op de Frysk-Drintske grins lizze boppedat de Koloniën van Weldadigheid. Der is in grut ferskaat oan Frysk UNESCO-erfgoed. Dat liket in hiel positive wurdearring, mar binne der ek beswieren? Kinne de predikaten bygelyks in lêst wurde? Wage de foardielen op tsjin de ferplichtingen?
Programma
13.00 Ynrin mei kofje en tee
13.30 Iepening en wurd fan wolkom troch Joop Koopmans (foarsitter KFG en sympoasiumfoarsitter)
13.35 Yntroduksje ûnderwerp troch Arjen Dijkstra (Tresoar)
13.45 Kees Storm: Ir. D.F. Woudagemaal als UNESCO Werelderfgoed: voordelen en uitdagingen
14.10 Anne Popkema: UNESCO als aanjager van ambitie: het geval van de ‘Richthofenkolleksje’
14.35 Arjen Dijkstra: Eisinga’s horizon: De steeds veranderende status van het Planetarium 15.00 Skoft
15.20 Heleen van Londen: UNESCO Werelderfgoed Waddenzee: voor- of nadeel voor wie?
15.45 Ernst Bruinsma: UNESCO City of Literature: voor een bloeiend en meertalig literair klimaat
16.10 Sieger Vreeling: Weg met werelderfgoed, ode aan het rijksmonument
16.35 Diskusje
16.55 Sluting en buorrel
Ynformaasje
Wat: KFG-Sieperda-sympoasium
Wêr: Tresoar (Bûterhoeke 1, Ljouwert)
Wannear: freed 17 maaie (13:30-17:00 oere)
Ynformaasje oer oanmelden is hjir te finen.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje