Keramykmuseum Prinsessehof organisearret rûnlieding yn gebeartetaal

april 18, 2024 08:11 Fernijd

Spesjaal foar minsken mei in auditive beheining organisearret Keramykmuseum Prinsessehof yn Ljouwert rûnliedingen troch it museum yn Nederlânske gebeartetaal. Op sneon 20 april jout museumdosint Bea Bouwmeester in rûnlieding troch de útstalling Porseleinkoorts.

‘Porsleinkoarts’ yn it Prinsessehof (foto: Ruben van Vliet)

‘Porsleinkoarts’ yn it Prinsessehof (foto: Ruben van Vliet)

Yn dy útstalling ûntdekke besikers alles oer de swide ûntsteansskiednis fan Europeesk porslein. De rûnlieding is fergees te folgjen op fertoan fan in yntreebewiis. Foar dielnimmers wurdt in mienskiplike ûntfangst mei kofje en tee fersoarge. Fia princessehof.nl/ngtrondleiding kin de rûnlieding reservearre wurde en is mear ynformaasje te finen.

Porsleinkoarts
Porsleinen bisten fan mear as in meter heech, goud, swiete pastelkleuren, eksuberante skilderingen en iepenwurke keunststikken: yn ’e rin fan de achttjinde iuw is neat te gek en wurdt Europa befongen troch in tige besmetlike porsleinkoarts. Yn ’e útstalling folgje besikers it nijsgjirrige ferhaal fan twa foarstehuzen dy’t foar in raazje soargen. Dêrby wurdt de Europeeske porsleinkeunst yn in koart skoft ta grutte hichte opstood en dat lit sels no noch syn spoaren nei. It wurdt ferteld út twa ikoanyske haadrolspilers út dy turbulinte tiid wei: Augustus de Sterke (1670-1733), karfoarst fan Saksen, kening fan Poalen en oprjochter fan it Meissen-porsleinfabryk yn Dútslân, en Madame de Pompadour (1721-1764), mêtresse, kultureel adviseur en fertrouweling fan kening Loadewyk XV en beskermfrou fan it Sèvres-porsleinfabryk yn Frankryk.

Bea Bouwmeester by NGT-rûnlieding Frysk Museum (foto: Marieke Balk)

april 18, 2024 08:11 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.