Katalaansk neisyngronisearre films faak net jûns te sjen

april 3, 2024 09:31

Mar twa fan de tsien films dy’t yn it Katalaansk neisyngronisearre binne, wurde jûns en nachts yn ’e bioskopen fertoand. Dat is it tiidfek mei it measte publyk. Net ien fan de fjouwer bêst skoarende films tusken 2017 en 2021 wie yn it Katalaansk te sjen.

Foto: pixabay.com

Mar 22% fan de films dy’t yn it Katalaansk neisyngroanisearre binne, wurde tusken 19.00 oere en 01.00 oere yn ’e bioskopen fertoand. Yn dy tiid besjocht mear as de helte fan de bioskoopbesikers in film. Dat binne gegevens út de jierren 2017 oant en mei 2021 fan it Katalaanske Ynstitút foar Kulturele Undernimmingen (ICEC), ynwûn by ACN. De measte films dy’t yn it Katalaansk neisyngronisearre wurde, binne foar berne ornearre. As dat sjenre bûten beskôging litten wurdt, is de trend lykwols net oars. Boppedat wie net ien fan de fjouwer bêst skoarende produksjes fan dy jierren yn it Katalaansk te sjen.

Ferskate partijen yn ’e sektor wize op de needsaak fan gelikense kânsen foar de taal en pleitsje derfoar dat it gewoaner wurdt dat films yn dy taal besjoen wurde kinne.

april 3, 2024 09:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.