Jongelju yn ‘Andere Tijden’ op ’e siik nei ûnbekende oarlochsferhalen

april 24, 2024 08:12 Fernijd

Ut ûndersyk docht bliken dat in protte jongelju net folle oer de Twadde Wrâldoarloch witte. Om dy oantinkens by harren generaasje yn libben te hâlden, giet in jonge ploech fan Andere Tijden yn ’e oanrin nei 4 en 5 maaie op ’e siik nei ûnbekende oarlochsferhalen. De seisdielige searje Andere Tijden presenteert: Oorlog op locatie is op it YouTube-kanaal fan Andere Tijden te sjen.

Holocaust Museum Amsterdam (foto: ©NTR)

De ferhalen dy’t trochjûn binne, litte sjen hoe’t jongelju in oarloch ûnderfine. Hoe koe in kweajongesstreek fataal útpakke yn Maassluis? Wa fersoarge de ûntkommen bisten út Diergaarde Blijdorp? Wat betsjutten de april-maaiestakingen foar de trettjinjierrige Grinzer Foppe? Slagge it oargelist Gerrit Nobel om tsjerkegongers mei ûnderdûken te helpen? Hoe rekke de 22-jierrige Gisela Sohnlein by it studinteprotest behelle? En hokker grouwélichheden spilen har op it ferburgen kamp Erika ôf? Dy yngripende ferhalen wurde opnij belibbe en dield troch hjoeddeistige generaasjes.

Foto: © NTR

Trochdat der hieltyd minder minsken binne dy’t de oarloch meimakke hawwe, reitsje harren ferhalen stadichoan ferlern. Om dy skiednis dochs yn libben te hâlden, geane minsken dy’t de oarloch oerlibbe hawwe, harren bern of bernsbern yn Oorlog op locatie nei plakken dêr’t in ynsidint barde. Op dat plak fertelle se harren oarlochsferhaal.

Redakteur en presintator Merel Udink: “Wy hawwe ferhalen keazen dêr’t in jongfolwoeksene ynienen yn mei de Twadde Wrâldoarloch konfrontearre wurdt. Dêrmei wolle wy sjoggers it besef jaan: dit hie my oerkomme kinnen.”

Foto: © NTR

april 24, 2024 08:12 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.