It klimaat en it Frysk

april 13, 2024 23:17

Skôging

troch Nanne Hoekstra

Wylst telefyzje-wiisprater Johan Derksen op de kommersjele stjoerder SBS6 ferdútste oan hokfoar betingsten in Fries foldwaan moat om him sa neame te meien, waard der op NPO1 in folle nijsgjirriger diskusje holden. Oer it Frysk en it klimaat. De wearde fan de publike omrop, dêr’t de partijen dy’t in regear besykje te formearjen yn mear of mindere mjitte mei ôfweve wolle, die mar wer ris bliken. Lykwols waard it essinsjele punt foar beide ûnderwerpen wol mist.

Twadde Keamerlid foar de BBB Henk Vermeer sei ôfrûne tiisdei by it praatprogramma Op1 dat er besjen wol oft beskate ynternasjonale ferdraggen ôfsein of oanpast wurde kinne. Oanlieding dêrfoar is it gelyk dat in ploech Switserske ‘klimaatbeppen’ krige fan it Europeeske Hôf foar de Rjochten fan de Minske. Nei’t hja earder fan Switserske rjochtbanken nul op it rekest krigen hiene, oardiele dat Hôf dat it Switsersk regear folle mear dwaan moat om fierdere klimaatferoaring safolle mooglik foar te kommen. Dat op grûn fan ynternasjonale ferdraggen en om’t beskerming tsjin ferdistruwearjende klimaatferoaring in minskerjocht is. Vermeer fynt dat de ‘nasjonale demokratyske ynstitúsjes bedrige wurde troch net-keazen rjochters’; hy wol tsientallen jierren lyn ûndertekene ynternasjonale ferdraggen dêrom ‘by de tiid bringe’. Marjan Minnesma fan de Stifting Urgenda, dy’t yn Nederlân yn ferlykbere saken op alle rjochterlike nivo’s gelyk krigen hat, foel hast fan ’e stoel. De steat fan it klimaat jout ommers perfoarst gjin reden om mar tuike-oan mei maatregels. Hja besocht daliks om Vermeer alle gers foar de fuotten wei te meanen troch noch mar wer ris út te lizzen dat rjochters net op ’e stoel fan it bewâld sitten gean: it is ommers it eigen belied dêr’t oerheden op ferge wurde. Mar Vermeer wol as folksfertsjintwurdiger folslein syn eigen ôfwagings meitsje kinne. Frou Minnesma bleau fatsoenlik en sei noch krekt net dat dy ferdraggen no krekt bedoeld binne om wichtige saken te beskermjen tsjin sokken as Vermeer. Dy song yntusken it bekende sankje oer de útstjit fan oare grutte lannen lykas Sina dêr’t foar ús gjin salve oan te striken falt. Mar frou Minnesma hold hoek, fûn dat elk sines bydrage moat en wiisde derop dat Nederlân wrâldwiid by de grutste útstjitters fan broeikasgassen heart.

Stilset byld Op1 fan tiisdei 9 april 2024. Mei lofts op de foargrûn Henk Vermeer en efter de tafel lofts Aant Jelle Soepboer en rjochts Marjan Minnesma.

En wat fynt beëage koälysjepartner NSC der eins fan? Aant Jelle Soepboer naam spitigernôch gjin ôfstân fan it ‘gefaarlike populisme’ fan Vermeer, lykas Kati Piri fan GroenLinks-PvdA dat op sosjaal-media-platfoarm X omskreau en dêrby ferwiisde nei de Hongaarske premier Orbán, dy’t mei gelikens praat de rjochtssteat yn syn lân besiket ôf te brekken. Soepboer sei dêrfoaroer oan de Op1-tafel dat er it mei Vermeer lykfine kin dat der draachflak nedich is foar klimaatmaatregels. Hy luts in ferliking mei it Frysk en de ynternasjonale ferdraggen dy’t dêrfoar ôfsletten binne. Foar it Frysk is der yn alle gefallen wol draachflak, woe er hawwe en dêrom soene dêr gjin rjochtsaken foar nedich wêze.

Mar Soepboer ferlike apels en parren.

Ja, der is draachflak foar it fuortbestean fan it Frysk, krekt-en-gelyk as de measte minsken foar it behâld fan ús klimaat binne. It giet der lykwols om: hawwe wy dêr wol wat foar oer? En dat falt ôf, want oars stie it der wol better foar mei it Frysk. Dy taal wie letter sels ûnderwerp fan petear, nei oanlieding fan de ôfsletten bestjoersoerienkomst dêroer. It waard in fleurige gearspraak mei in protte entûsjasme foar it Frysk dy’t it weromsjen wurdich is. De earder frijwat grimmitige Vermeer prate optein mei oer de oerienkomsten tusken it Frysk en syn Nedersaksyske streektaal. Taal liket in ferbinend ûnderwerp te wêzen. Mar hoe bot oft it Frysk ferhollânsket troch te min ûnderwiis en amper wat bestekliks yn dy taal te lêzen kaam net op it aljemint. Likemin as earder yn it programma de oanboazjende natuerrampen dy’t Minnesma besocht ûnder de oandacht te bringen folle acht slein waarden of it weiwurden fan de reedrydkultuer troch it efterútbuorkjende klimaat. Alle reden dus om net te eameljen oer, mar te krewearjen foar mear draachflak. Foar klimaatmaatregels en de needsaaklike transysje nei in duorsume enerzjyfoarsjenning likegoed as foar it brûken fan mear en better Frysk.

april 13, 2024 23:17
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Klaas Jans april 15, 09:16

    Tsja, Hoekstra is ek yn it klimaatnarratyf trape. Earst mar ris dizze film sjen en dan wer prate: https://ongehoordnederland.tv/2024/03/19/tv-programmas/documentaires/climate-the-movie-the-cold-truth/

  2. Johannes Rozenga april 15, 11:03

    Klaas Jans, jo moatte “Ûngeheardnederlân” der mar by helje, dan wit je wat ligen is. De wierheid is foar jo ek tige dreech.

  3. Gerrit Tonsberg april 15, 19:42

    Hasto de film ek sjoen, Rozenga? Wat binne de leagens? De echte leagens steane yn it stik fan Hoekstra hjirboppe.

  4. Nanne Hoekstra april 15, 22:47

    It hat gjin doel, Jans en Tonsberg, útkôge klimaatmearkes no noch wer ris oer te eidzjen. Ik behein my dêrom ta in ferwizing nei it redendielen tusken mysels en in kollegaklimaatskeptikus fan jimme, op dizze webside, no suver al wer 14 jier lyn. Sjoch bygelyks:
    https://www.itnijs.frl/2010/11/klimaatunk-2/
    https://www.itnijs.frl/2010/11/klimaatfeiten/
    https://www.itnijs.frl/2010/11/klimaatunk-faai/
    https://www.itnijs.frl/2010/12/yndikaasjes-klimaatferoaring/
    Dêr haw ik mei de wichtichste klimaatskeptyske redenaasjes wol ôfweve. It nuvere is dat it dan earst in skoftke stil is en dat dêrnei deselde neparguminten gewoan wer recycle wurde. Foar wa’t lykwols noch wat nijs optocht mient te hawwen, ferwiis ik nei dizze side, dêr’t alles dat ea troch klimaatskeptisy betocht is, wol wjerlein is:
    https://skepticalscience.com/argument.php
    Mar wa’t leaver de kop yn it sân stekt, moat dat lekker dwaan.

  5. Redbad april 17, 21:31

    Opfallend, dat klimaatgelearden earst mei de noftere wierheid foar it ljocht komme as hja pensjoen hawwe en net mear troch de globalistyske opportunisten ferfolge, berappe en bûtensletten wurde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.