út ‘e breefjirtjin gean jild ferbruie/ferbrulloftsje heechsteatlik/op syn grutskips libje de flage frijwat waaie litte kinne gâns út ‘e wei sette kinne wol splint hawwe aardich rûch op ‘e side/yn ‘e bûse wêze
(Sinsuer? Of haw ik juster sels op de ferkearde knop drukt? No, noch mar in kear dan…)
Frysker koe ik noch net. Doe’t ik dat okkerwyks tsjin immen fan ‘e redaksje sei, foel er hast fan ‘e stoel. Hy oppere min ofte mear dat ik dizze útdrukkings dan grif út in hynstekop sûge. Wie ik mar sa kreatyf! Nee, as jonge skreau ik wurden en útdrukkings dy’t ik moai fûn op. Dat begûn mei Frânske. Mar doe’t ik mysels derop trappearre dat ik hieltiten mear frjemde wurden troch myn memmetaal mjuksele, wylst dêr geef Fryske foar wiene, bin ik hinnegien en skriuw dy ek op. Dy Fryske bedoel ik. Sadwaande, Lútsen. Frysker sil ik ris opsykje. Noch net oan tiid hân. Of better, noch net oan tiid dien.
út ‘e breefjirtjin gean
jild ferbruie/ferbrulloftsje
heechsteatlik/op syn grutskips libje
de flage frijwat waaie litte kinne
gâns út ‘e wei sette kinne
wol splint hawwe
aardich rûch op ‘e side/yn ‘e bûse wêze
Slager, wêr helje jo dit rike taalferskaat wei? Grif net út ‘e Frysker.
(Sinsuer? Of haw ik juster sels op de ferkearde knop drukt? No, noch mar in kear dan…)
Frysker koe ik noch net. Doe’t ik dat okkerwyks tsjin immen fan ‘e redaksje sei, foel er hast fan ‘e stoel. Hy oppere min ofte mear dat ik dizze útdrukkings dan grif út in hynstekop sûge. Wie ik mar sa kreatyf! Nee, as jonge skreau ik wurden en útdrukkings dy’t ik moai fûn op. Dat begûn mei Frânske. Mar doe’t ik mysels derop trappearre dat ik hieltiten mear frjemde wurden troch myn memmetaal mjuksele, wylst dêr geef Fryske foar wiene, bin ik hinnegien en skriuw dy ek op. Dy Fryske bedoel ik. Sadwaande, Lútsen.
Frysker sil ik ris opsykje. Noch net oan tiid hân. Of better, noch net oan tiid dien.