Ferlamme pasjint mei harsenchip fan Neuralink spilet potsje skaak

april 1, 2024 08:19

De earste pasjint dy’t in chip fan Neuralink yn ’e holle krigen hat, hat in potsje skaak spile. It nije bedriuw fan miljardêr Elon Musk ûntwikkelet technology dêr’t ûnder mear ferlamme minsken troch kompjûters mei kommunisearje kinne.

Foto: pixabay.com

Neuralink liet yn in livestream sjen hoe’t de pasjint mei help fan de chip in kursor op it skerm beweecht. De pasjint is in 29-jierrige Amerikaanske man dy’t, troch in ûngelok, fan de skouders ôf ferlamme rekke is. It ymplantaat waard yn jannewaris by him ynbrocht.

It bedriuw test al langer op bisten. Twa jier lyn publisearre Neuralink in fideo fan in aap dy’t it kompjûterspul Pong spilet. Ferline jier krige it bedriuw tastimming yn ’e Feriene Steaten om op minsken te eksperimintearjen. “De operaasje wie supermaklik”, seit de man yn de fideo dy’t op Musk syn sosjalemediaplatfoarm X streamd waard. “Ik waard letterlik in dei letter út it sikehûs ûntslein.” Hy seit ek dat er bliid is om it strategyspul Civilization VI wer spylje te kinnen. “Ik hie de hoop opjûn, mar jimme (Neuralink) joegen my de mooglikheid om it wer spylje te kinnen. Ik spile fuortdaliks acht oeren efterinoar.”

Problemen by dierproeven
De ideeën fan it bedriuw fan Musk binne net nij. Oare bedriuwen wurken al langer ek oan in brein-kompjûterprogramma. Neuralink wurdt wakker ûngelyk oer tocht. Foarige moanne melde parseburo Reuters dat ynspekteurs fan de Amerikaanske FDA problemen oantroffen hiene by it byhâlden fan gegevens en kwaliteitskontrôles foar dierproeven. De FDA is it agintskip fan de Amerikaanske federale oerheid dat de kwaliteit fan fiedsel en medisinen kontrolearret. Neuralink reagearre doe net op fragen fan Reuters oer de FDA-ynspeksje.

april 1, 2024 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.