Feestlike oanbieding lêskisten mei Fryske boeken

april 15, 2024 08:14

Moandei 8 april en tongersdei 11 april krigen ‘De Klimstien’ yn Noardburgum  (Tytsjerksteradiel) en ‘De Lichtbron’ yn Bûtenpost (Achtkarspelen) út hannen fan wethâlder Tytsy Willemsma fan Tytsjerksteradiel, wethâlder Tjibbe Brinkman fan Achtkarspelen en Tialda Hoogeveen, berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, in earste lêskiste mei Fryske berneboeken kado.

Foto: Hoge Noorden, Jacob van Essen

Yn de kommende wiken krije alle skoallen yn beide gemeenten in saneamde Lêskiste oanbean. It giet yn totaal om mar leafst 46 lêskisten mei Fryske boeken, beskikber steld troch de gemeenten Achtkarspelen en  Tytsjerksteradiel.

Tialda Hoogeveen, berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, is optein: ‘Bern moatte harsels weromfine kinne yn in boek, ek fia de taal. Dêrom is it sa moai dat dizze beide gemeenten al harren skoallen in lêskiste fol mei Fryske berneboeken oanbiede. En it soe fansels geweldich wêze as mear skoallen yn Fryslân dat foarbyld folgje. Der is in berneboek foar elkenien.’

Frou Hoogeveen sil de kommende tiid by alle 46 skoallen yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel del om te fertellen hoe moai oft lêzen wêze kin en se sil ek workshops jaan. Oare skoallen yn Fryslân kinne har ek opjaan foar in besite fan de berneboeke-ambassadeur en eventueel spesjaal troch har selektearre boekepakketten bestelle. Sjoch foar mear ynformaasje: www.berneboekeambassadeur.frl.

Foto: Hoge Noorden, Jacob van Essen

april 15, 2024 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.