Fansels Frysk

April 20, 2024 08:38

Ambisjeus taalplan fan de provinsje

Okkerdeis waard de seisde BFTK (Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer) presintearre, neffens Arno Brok oant no ta de bêste. Underwilens is op woansdei 17 april yn Tresoar it nije taalplan fan de provinsje presintearre op in ‘ynformearjende sesje’, ornearre foar troch de provinsje subsidiearre ynstellingen, mei wa’t yn it foar ek oerlis west hat mei it each op dy nije BFTK. Dêryn giet it foaral om sichtberens, digitalisearring, ûnderwiis en ûndersyk, taaloerdracht, desintraal taalbelied en kultuer.

foto Ried fan de Fryske Beweging

It provinsjale plan, presintearre troch deputearre Eke Folkerts, kin wis wol ambisjeus neamd wurde. Mei it each op de ‘taalfitaliteit’ hâldt it kolleezje rekken mei it folgjende: 1. Oerdracht tusken generaasjes, 2. Tal sprekkers, 3. Oandiel sprekkers fan de hiele befolking, 4. Ferskowing yn domeinen taalgebrûk, 5. Reaksje op nije domeinen en media, 6. Beskikberens fan materialen foar edukaasje en taalfeardigens, 7. Taalhâlding en taalbelied by oerheidsynstânsjes ynklusyf offisjele status en gebrûk, 8. Hâlding fan de mienskip foar de taal oer en 9. Type en kwaliteit fan dokumintaasje.

De nije taalnota, dy’t nammers ek ‘Frysk fansels’ hjitte kinnen hie, bestiet út 8 haadstikken: 1. Frysk thús, 2. Frysk yn it ûnderwiis, 3. Frysk op it wurk, 4. Frysk yn ‘e frije tiid, 5. Frysk yn ‘e iepenbiere romte, 6. Frysk by de oerheid, rjochtbank en soarch, 7. Undersyk nei en foar it Frysk en 8. Ynternasjonale gearwurking.

It plan omfiemet dus gâns wat en wy sille sjen hoe’t ien en oar realisearre wurde sil. Dat kin fansels net sûnder de ynstimming fan de provinsjale steaten (en dat moat noch heve) en útsoarte ek net sûnder de meiwurking fan de dielnimmende ynstânsjes en fan alle ynwenners fan Fryslân. “Wy moatte it mei-inoar dwaan”, sei deputearre Folkerts.

Doe’t der gelegenheid wie foar fragen en/of opmerkingen waard frege nei it wêrom fan it jiertal 2051 as tiidlimyt foar de realisaasje fan in oantal doelen, kamen de keallen út it hok: Dan is it ommers 100 jier nei Kneppelfreed!

April 20, 2024 08:38
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Fridunanth April 20, 17:49

    In hiel nêst fan grutte njirren ûnder it gers:
    – plan
    – bestjoer
    – deputearre
    – ‘taalfitaliteit’?
    – ambisjeus
    – rekken hâlde
    – haadstikken
    – ynformearjende
    – subsidiearre
    – oerlis
    – ynstemming
    – provinsjale steaten
    – meiwurking
    – ynstansjes
    – ynwenners
    – mei-inoar
    – 2051!
    Eltse njirre is foar himsels al foldwaande om it hiele ‘plan’ stjerre te litten!
    Mar: yn 2151 is it 200 jier nei Kneppelfreed, dus hâld moed!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.