Einekoerflechtsjen as ymmaterieel erfgoed opnommen
Resint ferskynd
It einkekoerflechtsjen is opnommen yn it Netwurk Ymmaterieel Erfgoed Nederlân. It inisjatyf dêrta is nommen troch De Strampel, Fryske feriening fan einekoerflechters.

Foto: De Strampel
Ymmaterieel erfgoed kin allinnich troch beoefeners of direkt belutsenen oanmeld wurde. Mei de oanmelding erkenne se dat se dy kultuerutering as ymmaterieel erfgoed sjogge. Kennissintrum Ymmaterieel Erfgoed hat befêstige dat einekoerflechtsjen oan de kritearia foar ymmaterieel erfgoed foldocht, lykas steld yn it UNESCO-ferdrach oangeande de beskerming fan ymmaterieel kultureel goed, en hat de oanmelding sichtber makke op: www.immaterieelerfgoed.nl.
Taheakke: Folder Netwurk Ymmaterieel Erfgoed

Foto: Wikimedia Commons/Agnes Monkelbaan – CC BY-SA 4.0






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje