Doede Wiersma: Hear, ha Jo it Nachtmiel sa bedoeld?

april 14, 2024 07:00

Oertinking

As dominy Aukje Elsinga it Nachtmiel mei de gemeente fierde, dan kaam de fraach by har op: “Hear, ha Jo it sa bedoeld?”
Dy fraach libbe ek by my. Jonge minsken seinen faak tsjin my: “Dat Nachtmiel liket wol in begraffenis!”
Ik hie jier op jier prachtige belidenis-peteargroepen. De kategisanten diene ek belidenis, mar de drompel nei it Nachtmiel wie foar de measten te heech. Yn Hurdegaryp kaam yn myn tiid de Agapè deryn. Dat wie in kombinaasje fan in tsjerketsjinst en moarnsiten yn it doarpshûs. Dêr diene hast trijehûndert minsken fan fjouwer oant tachtich jier oan mei. Elkenien belibbe dat as wat goeds.
De moaiste oantinkens oan it Nachtmiel hâld ik oan Hurdegaryp doe’t de bern meidiene. Doe kaam der wat bliids yn. In frou fan hast tachtich sei: “No ha ik foar it earst Nachtmiel fierd.”
Neffens de Bibel moat it Nachtmiel de kearn wêze, it meast wêzentlike foar ien dy’t leaut. Dat it sa net altyd belibbe waard, dat de symbolyk net oerkaam, wie foar my in swier lijen.

Lukas skriuwt syn evangeelje fyftich jier nei de dea fan Jezus. Al dy tiid hat er yn ‘syn’ gemeente Nachtmiel fierd en Jezus betocht by bôle en wyn. Dy ûnderfiningen klinke troch yn it ferhaal oer de twa mannen fan Emmaüs. Mei in hert yn ’e brân en de kopkes omheech rinne dy twa werom nei Jeruzalem om te tsjûgjen fan de Hear dy’t se sjoen hawwe by it brekken fan it brea.
By it Nachtmiel kinne ús, krektlyk as by dy twa learlingen, de eagen iepengean, dat wy Jezus sjogge.
Sjen, soms efkes …

Lêze: Lukas 24:28-33
Liet 255 en Liet 646 binne berimingen fan dit ferhaal. Yn Lieteboek foar de tsjerken (1977) binne dat de gesangen 72 en 73.

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.
It skilderij op de thússide is Nachtmiel te Emmaüs (1601) fan Caravaggio (1573-1610)
april 14, 2024 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.