Doede Wiersma: De iensumens fan ’e preker

april 28, 2024 09:00

Oertinking

It is sa goed as immen nei de preek in pear wurden tsjin ’e dominy seit. Him/har fiele lit dat er/se de kearn derfan oppakt hat. As soks net bart, dan kin er/se him ferskriklik iensum fiele. Figuerlik kin er/se dan de hiele snein ‘yn ’e put’ sitte.
Jeremia wist wat dat wie. Mei fan ’e tearste en djipste teksten yn de Bibel binne syn gebeden. Dêr fiele we syn iensumens yn. Harkje mar:

“Sa faak der wurden fan Jo kamen … haw ik dy yndronken. Mar, Hear … sjoch hoe’t ik om Jo leechlein wurd. Se flokke my út. Se skimpe en skelle de hiele dei op my, omdat ik rop wat ik fan Jo sizze moat. Sels myn eigen famylje keart my de rêch ta.”

It stoarmet yn Jeremia. De emoasjes wurde him de baas:

“O mem, wat in ûngelok dat jo my berne ha. Wêrom bin ik op ierde kommen? Om oars net as muoite en fertriet te ûnderfinen?”

As Jeremia al tweintich jier ûnheil ferkundiget, roppe de minsken him nei: “Hee, mantsje, wêr bliuwt dat wurd fan God no?”
De profeet klaget God oan:

“Jo binne as in ûnbetroubere sleat. As in gatsjepanne sa lek. As it nedich is, dan sit der gjin wetter yn! Ik kin net op Jo oan” (15:18).

Jeremia grypt nei it swierste ferwyt dat er betinke kin. Hy fergeliket God mei in sterke jonge dy’t in famke ompraat, ja twingt om te frijen. Lykas dat famke, sa bliuwt Jeremia mei de skande sitten:

“Jo ha my ompraat en ik ha my omprate litten. Jo wiene my oermânsk. Allegearre ha se de gek mei my” (20:7).

Ik fyn it bemoedigjend sa’t Jeremia mei God omgiet. Sa’t in puber alles tsjin in leave heit en mem sizze doart, sa doart Jeremia alles tsjin God te sizzen. Hy wit dat er de leafde net ferspilet. En as er dan alles sein hat, dan seit God:

“Ik stel dy foar dit folk oer as in ûnferwrikbere muorre. Se sille dy bestride, mar dy net oer kinne, want Ik bin mei dy” (15:20).

Dat lêste mei elke serieuze dominy witte.
Mar … wat kin er nei in preek iensum wêze!

Lêze: Jeremia 20:7-9; 14-18

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Op de thússide: Rembrandt van Rijn, de treurjende Jeremia (publyk domein)

april 28, 2024 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.