Deade mich (gedicht)

april 20, 2024 09:30 Fernijd
Nei oanlieding fan ús oprop om kreative bydragen krigen wy dit gedicht tastjoerd. Mear gedichten en ferhalen binne fan herten wolkom op ynfo@itnijs.frl. Redaksje It Nijs

Foto: pixabay.com

Deade mich

Jo kinne wat meimeitsje,
ik moat der ek wol om laitsje.
Foarige wike spile ik op it tsjerke-oargel fan Ryptsjerk,
ja, it ferhaal is wol hiel sterk.
Under it spyljen tocht ik wat hear ik no,
en doe’t it ferske út wie, wie der in lûd dat bleau.
In ‘hinger’ konludearre de dûmny al gau,
mar hokker toets der hong, ik seach it net sa gau.
Sjonge woe sa net,
dat ik wie gau beret
en gie nei ûnderen ta,
wat moai dat we dêr in elektryske piano ha.
Ek kollega Geert fûn de ‘hinger’ nei de tsjinst net,
dat doe is der fan ‘e wike in ekspert ynset.
Wat wie no it gefal,
leau it net of al,
mar der lei in deade mich op in fentyl.

Folkje Koster

april 20, 2024 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.