De trettjin meast wurdearre jonge Fryske monuminten

april 1, 2024 08:09

Hokker jonge bouwurken wolle wy foar de takomst behâlde? Mei dy fraach hat de provinsje Fryslân fan begjin febrewaris ôf op Stim fan Fryslân ûnder ynwenners in peiling holden. De peiling gie oer bysûndere gebouwen en keunstwurken, sels wiken en griene plakken dy’t tusken 1965 en 2000 ta stân kommen binne. Dy wurken binne bysûnder om’t se wat fertelle oer dat tiidrek yn Fryslân.

Dyktimpel Marrum (foto: Provinsje Fryslân)

It giet bygelyks om dykferhegingen, de opkomst fan de telefyzje en ruilferkavelingen. Eksperts hiene in list makke fan 50 mooglike jonge monuminten. Dy list is yn febrewaris troch ynwenners oanfolle mei noch ris goed fyftich favorite jonge monuminten. Deputearre fan Erfgoed Femke Wiersma is tige bliid mei de list: “Wy hawwe yn Fryslân al in protte âlde monuminten; der binne no ek potinsjele jonge monuminten yn byld kommen. Dat is mei tank oan de ynwenners fan Fryslân. It erfgoed fan Fryslân is dêrtroch ek minskewurk fan de Friezen! Dêr bin ik grutsk op!”

Dit is úteinlik de top 13:
13. Crystallic, Ljouwert
12. Teäter De Harmonie, Ljouwert
11. Gebou Tresoar, Ljouwert
10. Achmeatoer, Ljouwert
9. Fjoertoer, Harns
8. Jopie Huismanmuseum, Warkum
7. Telefyzjetoer, Spannenburch
6. Earder ING-gebou, Ljouwert
5. Ekokatedraal, Mildaam
4. Gebou Labadistedyk 2, Wiuwert
3. Uniastate, Bears
2. Slauerhoffbrêge, Ljouwert
1. Dyktimpel, Marrum

It is in top trettjin wurden troch in dield achtste en njoggende ­­plak. De kommende tiid wurdt in fyts- en autorûte makke by dy jonge monuminten del. De rûtes komme meikoarten op de webside Visit Fryslân. Belutsenen by de peiling krije in berjocht as de rûte klear is. Ek sil de provinsje Fryslân de peiling diele mei it ryk en de Fryske gemeenten. De objekten komme ek op de Kultuerhistoaryske kaart fan Fryslân.

Yn totaal 5000 minsken hawwe de webside Stim fan Fryslân besocht. Om meidwaan te kinnen moast men in akkount oanmeitsje. Der binne 520 stimmen útbrocht. Dêrmei hawwe de stimmers oanjûn dat hja it objekt dêr’t se op stimd hawwe, foar de neiteam behâlde wolle.

Net allinnich gebouwen, mar ek oare objekten lykas keunstwurken, gemalen, lânskiplike eleminten en stêdeboukundige ensembles fan nei 1965 binne yn byld kommen. Besikers fan Stim fan Fryslân kinne dy brede oanpak fan soarten jonge monuminten wurdearje. Want pas op plak nûmer 6 stiet it earste gebou yn de top 13.

april 1, 2024 08:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.