De Fryske Genealogyske Kontaktdei 2024

april 3, 2024 08:14

‘Wêr komme jo wei en fan wa binne jo ien?’ Elkenien is wol benijd nei wa’t hy of sy is en wêr’t syn of har foarâlden weikomme. Wa’t dêr mear oer witte wol, kin sneon 6 april nei de 17e Fryske Genealogyske Kontaktdei yn Tresoar en by it HCL komme.

Boarne: Tresoar

De dei is ornearre foar elkenien dy’t yn it dwaan fan foarâlderûndersyk ynteressearre is. Sawol betûfte as begjinnende genealogen binne fan herten wolkom op it fergeze evenemint. Dizze edysje stiet yn it ramt fan ‘Ymmigranten yn Fryslân troch de iuwen hinne’. Fryslân hie yn foarige iuwen, krekt as de oare Nederlannen, in grutte oanlûkingskrêft op minsken út de omkriten en lannen om ús hinne, dy’t om ferskate redenen harren oarspronklike wengebiet ferlitte moasten.

De Genealogyske Kontaktdei is it grutste Fryske evenemint op it mêd fan famyljeskiednis en in dei fol kennisútwikseling. Op de ynformaasjemerk kinne standhâlders besikers fertelle oer harren ynteresse yn de famyljeskiednis, famyljewapens en der binne ferskate ferieningen en partikulieren mei genealogyske gegevens. It Histoarysk Reisburo fan Tresoar biedt in helpende hân by de syktocht nei Fryske foarâlden. Ek it CBG (Sintrum foar famyljeskiednis) is mei in stand oanwêzich. Dêrneist kinne besikers rûnliedingen folgje troch de depots fan it HCL en Tresoar en binne der fjouwer lêzingen, mei as mienskiplik tema: Ymmigraasje út Dútsktalige gebieten.

Oanmelde foar de dei sels en de lêzingen is net needsaaklik, wol foar de rûnliedingen.

Lêzingen:
– 11.25 oere (Gysbert Japicx Seal Tresoar) Meindert Schroor, selsstannich sosjaalgeograaf en histoarysk ûndersiker fertelt oer migranten dy’t de grins tusken Noard-Nederlân en Noardwest-Dútslân oerstutsen en ferskate spoaren efterlieten yn argiven en musea. (De lêzing is yn it Nederlânsk).

– 12.35 oere (Eekhoff Zaal HCL) Menno de Lange, fersekeringsdokter by it UWV en genealooch, die yn Dútske argiven ûndersyk nei de famylje De Lange. De sprekker sil tips jaan oer ûndersyk yn de argiven fan ús Easterbuorlju. (De lêzing is yn it Nederlânsk).

– 13.45 oere (Eekhoff Zaal HCL) Herman Oberman, ict’er mei belangstelling foar famyljeskiednis, jout in lêzing oer de ôfkomst fan de âldste, ûnbekende Oberman(n). Hy festige him om 1758 hinne yn Ljouwert. De speurtocht nei syn komôf wie ien mei de nedige beheiningen. (De lêzing is yn it Nederlânsk).

– 14.55 oere (Gysbert Japicx Seal Tresoar) Harold Müller-Baur, kultuerwittenskipper en haad fan Archion. Hy sil it hawwe oer de mooglikheden fan genealogysk ûndersyk mei help fan it webportaal Archion. Mear as 160.000 tsjerkeboeken mei mear as 50 miljoen bledsiden binne dêr no online presintearre. (De lêzing is yn it Dútsk).

It Historisch Centrum Leeuwarden (neist Tresoar) is dy deis ek iepen fan 10.00 oant 17.00 oere en ek de boekwinkel fan de Afûk is spesjaal iepene fan 11.00 oant 16.00 oere. De tagong is fergees.

De kontaktdei wurdt organisearre troch de NGV Afdeling Friesland, it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy, de Stichting FAF, it Historisch Centrum Leeuwarden en Tresoar.

Boarne: Tresoar

april 3, 2024 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.