De ‘Fiif Maaie Rede’ troch Friso Wielenga

april 20, 2024 08:11

Monique van de Ven en Ellen Pieterse (foto: Gerbrand Pot)

Alle jierren wurdt yn ’e Doarpstsjerke Huzum troch in promininte Nederlanner de ‘Fiif Maaie Rede’ holden. Dit jier troch pref. dr. Friso Wielenga fan 16.00 oere ôf. It is in lêzing oer 5 maaie en de Nederlânsk-Dútske ferhâldingen sûnt 1945.

As histoarikus is Wielenga oer de grins ek bekend, want hy wie fan 1999 oant 2021 direkteur fan it Zentrum für Niederlande-Studien yn it Haus der Niederlande yn Münster en hy wie ferbûn oan de universiteit dêr.

By de gearkomste sille Ellen Pieterse (alt/mezzo) en Monique van de Ven (fleugel) in by de Befrijingsdei passend konsert jaan. Hja meitsje mei it publyk in muzikale reis fan dea en ferdjer, fia hoop en freonskip, nei in ferfolle libben, mei lieten fan Moessorgski, Beethoven, Brahms en Mahler.

Marrit Jellema sil – as farske stedsdichter fan Ljouwert – ek in optreden fersoargje. Har gedichten sille oer frijheid gean.

Friso Wielenga (boarne: Doarpstsjerke Huzum)

Oer de sprekker
Friso Wielenga dosearre earst ynternasjonale betrekkingen, Nederlânske en Dútske politike skiednis oan de universiteiten fan Grins en Utert foar’t er de earfolle beneaming yn Münster krige. Hy krige dêr de Oarder fan Fertsjinste foar de Bûnsrepublyk Dútslân en waard ek ûnderskieden as Ridder yn ’e Oarder fan Oranje-Nassau. It Haus der Niederlande is net allinnich bekend fanwegen syn Nederlânske taalopliedingen, mar ek om’t dêr yn 1648 de oerienkomst tekene waard dy’t in ein oan de Tachtichjierrige Oarloch makke.

Op 5 maaie wurdt de ein fan de Dútske besetting betocht. It mei in wûnder hjitte dat Dútslân yn mar ien generaasje fan fijân yn bûnsmaat feroare. Hokker lessen binne dêr, just op Befrijingsdei, út te learen? Hoe komt it dat Dútsers har aktiver tsjin serieuze bedrigingen fan de rjochtsteat lykje te warren as Nederlanners?

Friso Wielenga stiet stil by de fiering fan 5 maaie sûnt 1945, de ûntwikkeling fan de Nederlânsk-Dútske betrekkingen sûnt dy tiid en wat dat betsjutte kin foar takomstige 5 maaie-fieringen.

Doarpstsjerke Huzum (foto: ©Jan de Vries)

Plak: Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum te Ljouwert;
Datum: Snein 5 maaie 2024 om 16.00 oere.

De gearkomste is fergees tagonklik, mar fan de besikers wurdt wol ferwachte dat se fan tefoaren in tagongskaartsje reservearje fia it Ticketkantoor. Dêrfoar wurde administraasjekosten fan € 1,00 berekkene. Hoewol’t de ‘Fiif Maaie Rede’ altyd fergees tagonklik is, wurdt – op 5 maaie – in frijwillige bydrage yn ’e kosten tige op priis steld.

By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op koarte rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).

Ynljochtingen binne te krijen by Peter de Haan, op telefoannûmer 06 – 11592427 of e-mail: dorpskerkhuizum@gmail.com. Mear ynformaasje stiet op www.dorpskerkhuizum.nl en www.facebook.com/dorpskerkhuizum.

april 20, 2024 08:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.