Bûlebarriêre Harns giet wetterfersmoarging troch plestik tsjin

april 21, 2024 08:13 Fernijd

Ofrûne tongersdei, op UNESCO-Wrâlderfgoeddei, waard yn Harns in ynnovative oplossing ûntbleate om de Waadsee tsjin plestik te beskermjen. De Bubble Barrier Harns is de earste dy’t wetterfersmoarging tsjinhâldt yn it beskerme Wrâlderfgoedgebiet en dêrmei helpt om de Waad- en Noardsee skjin te hâlden.

Harns (foto: The Great Bubble Barrier)

Ynwenners en oerheden komme byinoar
Wetterfersmoarging troch plestik is in tanimmend wrâldwiid probleem, dat in slimme bedriging foar ekosystemen en it libben yn see foarmet. De Waadsee is ien fan de lêst oerbleaune grutskalige yntertij-ekosystemen dêr’t natuerlike prosessen foar it grutste part gewurde litten wurde. Yn it gebiet libje talleaze plante- en dieresoarten, mei dêrûnder ferskate readelistsoarten lykas de skries, dûkelmantsje en brúnfisk. Dy bisten rinne it risiko dat se yn plestik fertize te reitsje, of dat se har deryn ferslokke en smoare.

Harns, de iennige seehaven fan Fryslân en de tagongspoarte ta de Waadsee, spilet in sintrale rol yn ’e beskerming fan dat seldsume UNESCO-Wrâlderfgoed. Henk Prins, in belutsen ynwenner fan Harns, is al jierren dwaande mei it himmeljen fan de Harnzer wâlen en fêstige dêrmei it omtinken op de urginsje fan it probleem. De gemeente Harns erkent dat de situaasje problematysk is en starte, yn gearwurking mei Provinsje Fryslân en Rykswettersteat, it inisjatyf om yn Harns in bûlebarriêre te pleatsen.

Gerben Huisman, direkteur fan it Waadfûns seit: “Hjoed binne wy mei de iepening fan Bubble Barrier Harns wer in stap tichterby ús doel kommen om te ynvestearjen yn de goede inisjativen dy’t doelfêst oan de beskerming fan it Waadseemiljeu bydrage.” Hendrik Sijtsma, wethâlder fan Harns heakket ta: “Mei-inoar oplûke om ús miljeu te beskermjen en oan in skjinne en sûne libbensomjouwing te wurkjen, is ien fan ús haadprioriteiten as stêd. Sa binne der sa’n tritich ynwenners dy’t alle wiken op ’n paad geane om swalkôffal yn ’e buert op te romjen. Ik bin tankber foar de ynset fan ús ynwenners en de stipe fan ús partners dy’t de bûlebarriêre mooglik makke hawwe.”

Foto: The Great Bubble Barrier

In tûke oplossing foar plestikfersmoarging
De in bûlebarriêre, ûntwikkele troch The Great Bubble Barrier, fangt plestik yn wetterwegen ôf mei luchtbûlen. Francis Zoet, mei-oprjochter en operasjoneel direkteur leit út: “It systeem wurket dei en nacht sûnder de reguliere aktiviteiten fan de wetterwei te hinderjen, sadat it in lange en effektive oplossing is om de fersmoarging ticht by de boarne te bestriden.” Wiidweidige testen toane oan dat it Bubble Barriersysteem dieltsjes fan 1 milimeter ôf opfangt en 86% fan it driuwende materiaal ûnderskept.

Sa’n earste barrière is yn 2019 ynstallearre yn Amsterdam, folge troch ien yn Katwijk (2022) en Vila do Conde, Portugal (2023). De Bubble Barrier yn Harns wurdt de tredde yn Nederlân en de fjirde yn Europa. It systeem wurdt strategysk yn it Van Harinxmakanaal ynset om safolle mooglik fersmoarging troch plestik op te fangen foardat it de Waadsee berikt.

Deputearre Matthijs de Vries fan de Provinsje Fryslân: “As provinsje grinzjend oan de Waadsee witte wy hoe wichtich oft in sûne fariearre libbensomjouwing foar de planten en bisten yn ’e Waadsee is. Bubble Barrier draacht dêr op in ynnovative wize oan by troch plestik op, mar ek ûnder it oerflak op te fangen. Sa bliuwt it Waad skjinner en dêr profitearje ûnder oaren fûgels en fisken fan.”

Hoe wurket it?
In bûlebarriêre bestiet út in bûleskerm, in opfangsysteem en in luchttafier. It skerm wurdt aktivearre troch lucht fia in perforearre buis te pompen dy’t op ’e boaiem fan it kanaal leit. Sa ûntstiet in omheechgeande streaming dy’t plestik nei it oerflak laat. Troch it skerm diagonaal yn ’e wetterwei te pleatsen, triuwt de natuerlike streaming fan it kanaal it plestikôffal nei de sydkant en yn it opfangsysteem, dat maklik troch de gemeente lege wurde kin.

Foto: The Great Bubble Barrier

Blik op ’e takomst
Bubble Barrier Harns wurdt op 23 maaie 2024 offisjeel ûntbleate. De kommende ûndersiket de Wageningen University & Research (WUR) it fongen plestik en sil ATKB ûndersyk dwaan nei de fiskmigraasje om de bûlebarriêre hinne. “Wy binne bliid dat yn Harns no sa’n barriêre is dy’t in positive bydrage leverje kin. No’t it systeem operasjoneel is, hoopje wy tagelyk ek ynsjoch te krijen en kennis op te bouwen oer de effekten fan it systeem op ’e fiskmigraasje”, seit Floris van Bentum, projektlieder plestikfrij Waad by Rykswettersteat.

No’t it projekt echt úteinset is, sjogge alle partners út nei de bliuwende ynfloed fan it systeem op it skjinhâlden fan it Van Harinxmakanaal, it Waad en de oseanen.

Besjoch in filmke fan The Great Bubble Barrier:

april 21, 2024 08:13 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.