Britske hurdrinner leit hiele lingte Afrika ôf en sammelet sân ton yn

april 11, 2024 08:12

De Britske ultrarinner Russ Cook (27) hat ôfrûne snein, nei sa’n 15.000 kilometer, it Tunezyske badplak Bizerte berikt. It wie de einstreek fan in meunstertocht troch woastinen, reinwâlden en ûnherberchsume gebieten. Hy is de earste minske dy’t de hiele lingte fan Afrika te foet ôflein hat.

Foto: pixabay.com

“Dit is it swierste jier fan myn libben”, liet Cook koartlyn op sosjale media witte, dêr’t er troch goed 900.000 minsken folge wurdt. Syn hurdrintocht is fan it begjin ôf troch in ploech begelieders fêstlein. Mei dêrtroch hat de ultrarinner omrekkene sa’n 700.000 euro foar twa Britske goede doelen ophelle.

Siik, berôve en ûntfierd
Cook is gjin begjinner as it om ekstreme útdagingen giet. Fiif jier lyn rûn er al fan Azië nei Ingelân. Hy rûn it ekwifalint fan 71 maratonnen yn 66 dagen. Diskear die er der op it Afrikaansk kontinint noch in skepke boppe-op: de ôfstân fan 360 maratonnen yn minder as in jier. Op syn tocht waard er ferskate kearen siik, rekke er ûnderfuorre en waarden hy en syn ploech berôve. Yn Kongo waard de Brit sels in skoftke troch wapene manlju ûntfierd. “Dy seine dat se him nei myn ploech werombringe soene. Wat folge wie in rit fan sân oere op ’e motor noch djipper it oerwâld yn.”

Nei ûnderhannelingen mei syn ploech waard er frijlitten; de deis dêrop rûn er wer sechstich kilometer. “Neat kin my tsjinhâlde”, sei er yn ien fan syn deistige berjochten op Instagram. Ein jannewaris noch like syn tocht ta in ier ein te kommen fanwegen administrative tsjinslach. Cook krige gjin jildich fisum foar Algerije. Tanksij in grutte kampanje op sosjale media, en stipe fan in tal Britske politisy, krigen Cook en syn ploech dochs fisa tawiisd fia de Algerynske ambassade yn it Feriene Keninkryk.

Om syn prestaasje te fieren, joech Cook sneintejûn in feest yn in hotel yn Bizerte, dêr’t ek in Britske punkband spile.

april 11, 2024 08:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.