Briefkje (114): Kennis fan grammatika needsaaklik om digitale systemen yn ’e stokken te hâlden.

april 30, 2024 08:00

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn brief fan ferline wike.

Bêste Jan,

grappich om te lêzen dat niget en leafde liede kinne ta swierrichheden. Miskien sels wol ta argewaasje, tink ik der fuort by. Want dat kriget men as (digitale) neislachwurken net konsekwint binne. Sokke tûkelteammen ûntsteane trochdat de apparatuer syn eigen (foarskreaune) paad giet. In foarbyld is de skriuwwize fan gearstallingen mei dûbel(d). Der is yn it hânwurdboek keazen foar it grûnwurd dûbeld mei dûbel as fariant. Dêrom stiet dy d yn alle gearstallingen: dûbeldtalich, dûbeldfunksje, dûbeldteare ensfh. De foarmen sûnder dy d wurde net as fariant neamd (dûbeltalich en oaren steane der net yn). Dat lêste hoecht om my net, mar it soe dochs konsekwint wêze om dûbelddjerre mei twa d’s yn ’e midden te staverjen. Nuver dat it sa net yn it wurdboek stiet. As it earste part fan in gearstalling op in d einiget (dûbeld) – dat wol it systeem dochs? – en it twadde part mei in d begjint (djerre), dan komme der deagewoan twa d’s efterinoar. Neat bysûnders, sjoch mar nei wurden as jildduvel of bloeddonor. Immen sil it systeem dúdlik meitsje moatte dat net jerre mar djerre oan dûbeld fêstplakt wurdt.
Yn dat foarbyld giet it om in staveringsgefaltsje en wa soe dêr wekker fan lizze? Mar de technyk giet fierder en de digitale taalsystemen krije hieltiten mear ynfloed op lês- en skriuwfeardigens; de kompjûter docht it wurk, it praktyske wurk, mar linkenoan ek it tinkwurk. Wêr sil dat op útdraaie? Peter-Arno Coppen skriuwt yn it aprilnûmer fan Levende Talen Magazine oer dy ûntjouwing mei it each op ‘het schoolvak Nederlands’. Hy stelt de fraach: ‘Waarom zouden we nog willen leren lezen en schrijven? Niet voor informatie-uitwissling, zoveel is zeker.’ Sa’n strange tinkwize giet net op foar it rekkenûnderwiis. Skoalbern moatte noch altyd de tafels leare en sommen meitsje dy’t de rekkenmasine samar klear hat. Wy sitte sels bot oer de minne rekkenfeardigens fan learlingen yn. Dat moat better! Do en ik binne derfan oertsjûge dat de taalfeardigens yn it Frysk ek better moat: op Fryske les, blinder! Dy gjalp bliuwt oerein, al is it dúdlik dat soks al op skoalle begjinne moat.

Ik bin wat op in sydspoar telâne kommen, dêr’t ik no earst fan ôfstap (al hoe bot oft ik der ek mei ompak) om yn te gean op de útspraakferskowing dy’tsto ferline wike op it aljemint brochtst. Lange lûden (de û, de ii) wurde gauris as twalûden (oe, ie) útsprutsen. Dat wolle wy net, a. om’t it in typysk skaaimerk fan it Frysk is en b. om’t dy lûden fonemen binne en dus in betsjuttingsûnderskiedende funksje hawwe. It útsprekken fan lange lûden kostet mear muoite as it útsprekken fan (ôfgeande) twalûden (de spanning moat ommers langer oanholden wurde). Dêrom is it skoan te begripen dat yn ’e rin fan de taalûntjouwing in ferskowing te sjen is fan lange ienlûden nei twalûden. Dat proses liket noch altyd troch te gean en as we dy fonemen net achtslane, sil der útspraakferoaring ûntstean. Dat sil dan grif ta in staveringsoanpassing liede.

De Bubble Barrier is in aardige opjefte foar de neologismerubryk yn de Ljouwerter. Dy rubryk is in protte op oan te merken en sawol de redaksje as de dielnimmers slaan de planke wolris mis (soenen op Fryske les moatte, haha), mar der is ek kreativiteit en humor yn te lêzen. Der kinne moaie gearstallingen makke wurde mei bûle, buol, buorrel, brobbel en noch folle mear. Mar der sil krityk komme op barriêre, want dat is ek al in lienwurd. It giet om in kearing, in skerm.
Soe plestikslobber ek wat wêze?

Mei freonlike groetnisse,

Ed

april 30, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Henk Wolf april 30, 13:44

    Goed datst dy kwestje nochris opikkerest, Ed. Goed seis jier lyn haw ik der ek in snipeltsje oer skreaun. Dy gearstallingen mei “dûbeld-” as earste lid binne simpelwei min Frysk. Eins moat de Akademy dêr efkes mei de kaam troch.

    Sjoch:
    https://www.itnijs.frl/2018/02/dubeldkonsert/

  2. HE maaie 1, 08:33

    Nee, plestik- of plestykslobber moat mar net wêze. In âld bist/hynder slobber jaan is neat mis mei, mar dêr moat mar gjin plestyk troch hinne riert wurde. Soks slobberet faaks net sa noflik foar sa’n âld slobberer. En wat tinke jo der fan as de wyn ek noch mei opspilet, slobberwyn mei plestyk der yn, soks moat men net wolle.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.