Briefkje (113 ): Allegearre op Fryske les, blinder!

april 23, 2024 07:55

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief fan ferline wike.

Bêste Ed,

Wat kin niget oan (sis mar leafde foar) taal soms in swierrichheden meibringe! Do giest ferline wike efkes yn op it ynkonsekwinte yn neislachwurken. Do doeldest doe op wat ik de wyks dêrfoar skreaun hie oer it it nuvere ferskynsel dat Frysker.nl by it trefwurd ineenslaan as oersetting yninoarslaan jout. Dat liket logysk, mar mei in Frysktalige sykopdracht blykt yninoarslaan net te bestean. Gearsettingen mei yninoar besteane net. Miskien is dat omdat yninoar sels al in gearsetting is. As dat in regel is, dan moat dy de Paadwizer te finen wêze. Dy begjint mei de sin “De staveringsregels foar it Frysk geane foar in grut part lykop mei dy foar it Nederlânsk.” Ik sykje yn haadstik ‘7 Los of oaninoar skriuwe’. Dat is nochal in dreech stik en ik fyn net wat ik fine wol. Ik kom wol in pear kear oaninoarskriuwen tsjin. Dat dus wol! Ik tink dat it yn dy kontekst needsaaklik is om dat oaninoar te skriuwen. Wat do en ik dogge, brieven oaninoar skriuwe, kin net as ien wurd skreaun wurde. Wêrom’t yninoarslaan net as ien wurd te finen is, ek net as it ferniele betsjut, bliuwt foar my dizenich.

In oare drege kwestje is dat (foar myn gefoel) hieltyd mear minsken de lûden (klinkers) yn wurden oars útsprekke as neffens de skriuwwize te ferwachtsjen is. Ik ferwachtsje by it útsprekken fan hûs in lang lûd sa’t we dat ek hearre yn sûch, mar ik hear gauris it lûd sa’t dat yn boel klinkt, in twalûd dus. Noch sa’n gefal: yn bliid en tiid hear ik faak de ie sa’t dy yn biede klinkt. Dêr is ek wer in lang bedoeld lûd ferfongen troch in twalûd. Mar no noch mâler: yn in sportpraatsje hie ien it oer de skydsrjochter, mei in koarte y dus. It liket wol gekoanstekken, graach dwers wêze wolle, mar it sil wol (liket my) in gefolch wêze fan net Frysk lêze kinnen. Wa’t wol Fryske les hân hat, wit dat yn sokke gefallen oan de skriuwwize te sjen is hoe’t de útspraak is. As op ’e lange doer elke Fryskprater de lûden net neffens de skriuwwize útsprekt, sil der wol in staveringsoanpassing komme moatte.

No ja, ik haw de gek der ek mar wat mei, mar ik bin bang dat de nije BFTK en it nije Taalplan te min seadden oan ’e dyk sette sille. Earst sille we allegearre massaal op Fryske les moatte!

Dat is dan tagelyk ek goed om ús te warren tsjin aloan mar nuvere ynslûpsels. Harns hat in Bubble Barrier  krige. Ik hearde dat in ferslachjouwer dy Ingelske namme fuort mar oernaam, mar wêrom net bûlebarriêre? It is ommers in skerm fan luchtbûlen.

Mei freonlike groetnis,

Jan

 

april 23, 2024 07:55
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. J. Slager april 23, 18:13

    Ik sil it wol te maklik besjen, mar ik lûk ienfâldich in luchtbûleskerm op tusken tiidwurden en haadwurden. En as tiidwurden ta haadwurden makke (= substantivearre) wurde, krije sy in -n mei. De swierrichheid sit him hjirboppe tink yn de omstannichheid dat it tiidwurd slaan fan himsels al in -n hat.
    Dus, oaninoar skriuwe (tiidwurd) en it oaninoarskriuwen (haadwurd). En yninoar slaan (= ferniele) en it yninoarslaan (it fernielen).
    Ik wit net oft wy safier gean moatte as yn it Hollânsk, want dan wurdt it bygelyks dwerswêzewollen (as in foech wjergader fan it boppeneamde haadwurd gekoanstekken), en dan soe it ek net-Frysk-lêzewollen wurde moatte (as substantivearre foarm fan it mei in tiidwurd einigjende rychje ‘net Frysk lêze wolle’. Sa’t ik sei, dat wit ik net. Mar dat wit Ed grif.

  2. A.F. Lestra april 24, 08:33

    ‘Earst sille we allegearre massaal op Fryske les moatte!’ Grif!

    Wêr binne lykwols al dy Afûk-kursussen bleaun dy’t dêrfoar soargje koenen (NF I en II, A, B, C, Afûk-akte, Didaktyk (Afûk-lesjouwersfoech), skiednis, amtners)? Hast allegearre ferdwûn. En allinnich de A-kursus hat noch in eksamen en dat is ek net mear fan it nivo fan earder.

  3. HE april 24, 10:16

    Frjemde talen leare jo op skoalle of earne oars op les, jins memmetaal brûke jo al foar ‘t jo ea in skoalle fan binnen besjoen hawwe

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.