Briefkje (112): Yninoarslaan of yninoar slaan?

april 16, 2024 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn brief fan ferline wike.

Bêste Jan,

De útdrukking ‘de lapen gearsmite’ docht faaks wat âlderwetsk oan, mar is neffens my noch wol yn libben gebrûk, want men sjocht it noch geregeld yn advertinsjes fan minsken dy’t dat 25 jier of langer lyn dienen. Der wurdt grif oan húsried en bêdeguod tocht en dus oan byinoar ynlûke. It hânwurdboek jout ek planút trouwe. Dat kin fansels útwreide wurde ta bedriuwen en organisaasjes dy’t safier mei-inoar oparbeidzje dat se (suver) in ienheid foarmje. Sa wurdt der bygelyks as gemeenten fusearje, gauris praat oer in houlik.
De alternativen foar oparbeidzje dy’t Jaap Slager neamt, binne moai byldzjend, mar tsjutte mear op inoar helpe as op fierder mei-inoar oplûke. Te bûch* stean hie ik net earder fan heard, mar is fansels prachtich taaleigen.

Mar no it probleem fan ‘de hannen yninoar slaan’, it nijsgjirrichste ûnderwerp yn dyn brief. Yn de Hollânske útdrukking de handen ineenslaan giet it om in protte hannen, leafst safolle mooglik hannen en dus net om de linker- en de rjochterhân fan ien persoan. De (beide) hannen gearslaan is fansels hiel wat oars. Dat wurdt dien fan skrik of út ferwûndering en komt hannegearjen nei-oan. Bidde mei de hannen gear, yn it Hollânsk de handen samen of de handen ineen. No twingt it gefaar fan ynterferinsje him op: wurden as ynien, opien, oanien ensfh. binne hollanismen. Ynienslaan is dus gjin Frysk wurd en dêrom is ‘de handen ineenslaan’ dan mar oerset ta ‘de hannen yninoar slaan’. Dêr sit om my noch hieltyd in Hollânsk rookje oan en boppedat hat yninoar ek in oare betsjutting en benammen yn kombinaasje mei slaan is dat nochal destruktyf: stikkenslaan. Yn pún, ta grom of oan smots om it mar ris rûch te sizzen. It Frysk hat dêr it foarheaksel te foar, dat yn ’e sprektaal amper foarkomt, mar wol deeglik bestiet yn wurden as tebrekke, tebroazelje, tehakselje ensfh. It Dútske prefiks zer- hat krekt deselde funksje (zerbrechen, zerbröckeln, zerhackern. Dy kant moat it lykwols net út, want dy gearsmiten lapen en it mei-inoar oparbeidzjen hawwe ommers in konstruktyf doel.

Gearslaan wurdt, krekt likegoed as gearsmite en gearstappe, as ien wurd skreaun, mar yninoar slaan net, wylst teslaan en stikkenslaan wol wer kinne. Wurdboeken jouwe gjin klearrichheid. Binne der regels foar it oaninoarskriuwen (no ja, oaninoar skriuwen) fan wurden en hoe wurkje dy dan? Foar it Hollânsk kinne dy miskien oars wêze as foar it Frysk, wat ta nuvere oersettingen liede kin.
Do hast ûnderfûn dat neislachwurken net altyd ienriedich binne, alteast net konsistint by oersetopdrachten. Wat de elektroanyske syksystemen oanbelanget, moat men o sa op jins iepenst wêze. Dy passe fan alles automatysk oan, mar der sille minsken nedich wêze om soks te kontrolearjen. Ik freegje my ôf oft dat wol (faak genôch) dien wurdt.

* ‘Immen te bûch stean’ hat letterlik mei it tiidwurd bûge te krijen: bûgd stean om ien te helpen by it omheechklimmen. De boech fan in (houten) skip is makke fan bûgde planken. Dêr sjogge wy ek de konneksje mei it tiidwurd bûge, wylst dat yn de skriuwwize net te sjen is. Staveringsperikels wol ik diskear mar gewurde litte.

Mei freonlike groetnisse,

Ed

april 16, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.