Briefkje (111): Is trouwen itselde as gearwurkjen?

april 9, 2024 07:57

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief fan ferline wike.

Bêste Ed,

Der bliuwe altyd lytse ferskillen yn persoanlik taalgefoel en dat we it dêr oer hawwe moatte, dat wie de einkonklúzje yn dyn brief fan ferline wike. No rûn ik juster tsjin sa’n ferskil oan, dat dêr wol ik it dan fuort mar oer hawwe.

‘De lapen gearsmite’, dat is in útdrukking of siswize dêr’t ik my altyd by foarsteld haw dat dy oer trouwen giet, alteast oer byinoar ynlûken. Doe’t it praat gie dat Wibe en Annichje de lapen gearsmite soene, seach ik dat klear foar my: beide wennen al in skoft op harsels, dat wat se oan bêdeguod en húsried hiene, soene se byinoar foegje om tegearre ien húshâlding te foarmjen.

Juster lies ik yn in berjocht dat twa hiel ferskillende organisaasjes foar in spesjale aksje de lapen gearsmiten hiene. Ut it berjocht makke ik op dat it net om in fúzje gie. Dat soe net iens kinne, want de iene partij is in idealistyske ynstelling en de oare in soarte fan fakbûn. It wie inkeld foar dy tydlike aksje. In aksje dêr’t se beide it belang fan ynseagen en dy’t mear kâns fan slagjen hawwe soe as dy twa mei-inoar gearwurken. Is dêr de útdrukking ‘de lapen gearsmite’ wol op fan tapassing? Ik tink fan net, mar de skriuwer fan dat berjocht mient fan wol, sa’t it skynt. Wa hat gelyk?

Om dat út te finen haw ik de wurdboeken rieplachte. Ik begûn mei it Wurdboek fan de Fryske taal. By it trefwurd gearsmite lies ik: “Bijeenwerpen, inz. in de lapen gearsmite, in het huwelijk treden, gaan trouwen.” Foar de wissichheid seach ik ek by it trefwurd lape. Dêr stiet by: “1) gaan trouwen en 2) gaan samenwerken; een eenheid gaan vormen.”
Yn it Frysk Wurdboek diel 1 stiet by it trefwurd gearsmite: “Bijeenwerpen. De lapen gearsmite, trouwen”. By it trefwurd lape wurdt de útdrukking dêr’t it my om gie sa útlein: “gaan samenwerken; gaan trouwen”.
It Frysk Hânwurdboek en Frysker jouwe beide by it trefwurd gearsmite (ek byinoar smite) it idioomfoarbyld: “de lapen gearsmite (trouwe)” en by it trefwurd lape: “de lapen byinoar smite (trouwe sille; oparbeidzje sille)”.
De konklúzje kin net oars wêze as dat ik net gelyk haw. Dochs is it wol apart te neamen dat al dy neislachwurken allinne mar by it trefwurd lape oan de útdrukking ek de betsjutting fan gearwurkjen takenne.

Yn it Hollânsk wurdt foar it mei-inoar gearwurkjen wol de útdrukking ‘de handen ineenslaan’ brûkt. As we dat letterlik oersette, komme we by it bernespultsje tried troch de nulle út. Dêr slaan de efterinoar steande bern de hannen by yninoar. Men kin de eigen hannen ek yninoar slaan; dat is dan út opteinens. Dat hannen yninoar slein wurde om gear te wurkjen, bin ik net tsjinkommen. As it om gearwurkjen giet, kin yn in oersetting ‘de handen ineenslaan’ dus net letterlik oerset wurde. Dat sil dan sokssawat wurde moatte as dat de oangeande partijen it yn ’e mande dogge of dat se mei-inoar gearwurkje/oparbeidzje. Wa’t perfoarst ‘de lapen gearsmite’ brûke wol, docht der goed oan en set der ‘foar dat doel’ by.

Mei freonlike groetnis,

Jan

april 9, 2024 07:57
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. J. Slager april 12, 09:53

    mei immen oparbeidzje?
    immen hantrekken dwaan?
    immen te bûch stean?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.