Briefkje (110): Taalkompetinsje út gefoel en redenearjen

april 2, 2024 08:18

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn lêst brief.

Bêste Jan,

in gedicht fan Willem Wilmink oer in siik bern begjint mei de fragen: ‘Waar ben ik? Waar ben ik aangeland?’

Dat is krekt wat de titel boppe dyn brief fan ferline wike útdrukte: ‘Wêr bin ik bedarre?’ Foar ’t neist op in plak dêr’t ik net wêze woe. It bern yn dat gedicht leit siik op bêd; dat hat it sels net útkeazen. It liket derop dat ‘aangeland zijn’ deselde ynhâld hat as ‘bedarre wêze’ en ek ‘telâne kommen wêze’. Mar yn it Hollânsk kin aangeland zijn ek in neutrale betsjutting hawwe. Sa bygelyks: ‘Wij zijn aangeland bij hoofdstuk drie van het boek.’ Der is in punt berikt, faaks net it eindoel mar wol ûnderweis dêrhinne. Yn it Frysk soe ‘wy binne telâne kommen’ dêr net passe. Dan soe it nammentlik net ûnderweis nei in doel wêze, earder in net frijwillige tafallichheid. Ik bin it mei dy iens, Jan, dat wy dan sizze moatte: ‘wy binne by haadstik trije oankommen.’
By doel kin men tinke oan plak of bestimming, mar ek oan resultaat, effekt of winsk. Yn it idioomboekje De Stipe (dat spitigernôch útferkocht is) waard oanjûn dat it Frysk foar dat ferskil de wurden telâne en terjochte hat. Yn lettere ferzjes fan dat boekje stiet ek dat telâne meast mei komme en bringe kombinearre wurdt en terjochte faak mei sette of kinne. Ik wol dêroan tafoegje dat it Dútske zurecht, lykas ús terjochte, ferwiist nei in geunstich resultaat. ‘Ich finde mich zurecht’ betsjut ‘Ik rêd my wol’, ‘ik kom der wol’, ‘ik kom wol teplak’.

Yn it Frysk, mar grif ek yn oare talen, wurde by mjitten en gewichten en by ienheden fan tiid en jild inkeldtal en meartal net konsekwint brûkt. It liket derop dat it inkeldtal de foarkar hat, mar by lytsere ienheden wurdt dêrfan ôfwykt. Tink mar oan trije euro (gûne) en trije sinten. Mar dat is net in algemiene regel, want wy sizze fan twa iuwen en net twa iuw. It is allegearre tige ûnregelmjittich. De iennichste regel dy’t ik betinke kin, is dat by konkrete dingen (objekten) it meartal brûkt wurdt. As ik trije euro foar it parkearjen betelje moat, doch ik trije euro’s yn de betelautomaat. Dat betsjut ek dat trije dûbeltsjes net itselde is as tritich sinten (€ 0,30).
Yn it Hollânsk hear ik wolris sizzen: ‘een baby van drie maand’. Soe dat in Frisisme wêze, freegje ik my dan ôf. Wat seit ús taalgefoel? Sawol yn it Frysk as yn it Hollânsk ûntbrekke dúdlik regels op dat punt.
Mei it begryp taalgefoel kom ik op it (foar my) nijsgjirrichste stikje út dyn brief fan ferline wike. In (taal)gefoel is wat persoanliks en do skriuwst: ‘(…) dat fansels yn ’e rin fan de jierren troch foarbylden foarme is’. Elkenien dy’t in taalgefoel opbout – en dat dogge wy allegearre fan jongs ôf oan – besiket om út it oanbod fan foarbylden regels te ûntdekken, op grûn fan logysk redenearjen. Op skoalle wurde ek regels oanbean en dy moatte passe by de foarbylden dy’t learlingen al opdien hawwe. Hoe moai oft dy wikselwurking en tagelyk gearwurking tusken foarbylden/regels en redenearjen ek is, der sille lykwols altyd lytse persoanlike ferskillen yn taalgefoel wêze kinne. Redenaasjes en ûnderfiningen kinne ommers ferskille. Dan wurdt mei deselde wurden net (krekt) itselde bedoeld. Dêr moatte we it dus oer hawwe. Is der moaier ûnderwerp om oer te briefkjen?
Ik bin der wiis mei dat wy op dit punt ‘aangeland’ binne.

Mei freonlike groetnisse,

Ed

april 2, 2024 08:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.