Anne Dykstra: Turk

april 17, 2024 10:28

Kollum

Unfoech praat (76)

Beskriuwende wurdboeken jouwe de taal fan in lân of krite sa’t dy op in stuit brûkt wurdt of waard. Dêr heart ek taalgebrûk by dat kwetsend is foar guon folken, groepen of persoanen. Net elkenien is it der mei iens dat soksoarte fan kwetsend taalgebrûk yn wurdboeken opnommen wurdt. In Turkse man hat Van Dale bygelyks ris oanklage foar it opnimmen fan misledigjende útdrukkingen mei it wurd Turk deryn. De Fryske wurdboeken hie er ek wol oankleie kinnen, want dy dogge fleurich mei.

It Frysk-Nederlânsk wurdboek jout as twadde betsjutting fan Turk: ‘vuil, morsig persoon’ en ien dy’t bot smoarch is, is sa smoarch/swart as in Turk. Fierder kin men neffens it wurdboek fjochtsje, flokke, libje, lige, sliepe en spylje as in Turk. Wa’t de bern as heidens en Turken opbringt, jout se gjin godstsjinstige opfieding. It Frysk-Nederlânsk wurdboek hoecht net in oanklacht fan Hollanners of Nederlanners te ferwachtsjen, want fan harren seit it neat ferkeards. Van Dale docht dat wol fan de Friezen, mar wy komme der better ôf as de Turken, wy binne mei ús Friese kop allinne wat ‘koppig’. Lit ús dat mar beskôgje as in positive eigenskip.

Takomme woansdei wer fierder.

april 17, 2024 10:28
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen april 17, 12:10

    ‘Smoarge drint’ waard (wurdt?) ek sein. Mei in lytse letter!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.