Anne Dykstra: Krij dochs RSI

april 3, 2024 08:00 Fernijd

Kollum

Unfoech praat (74)

De hik is wol net in deadlike sykte, mar wol lestich genôch om him oan immen dêr’t je it mier oan ha, ta te winskjen. As je immen it lazarus tawinskje, dan ha je grif ien op it each dy’t je folslein net lije meie. Lazarus hinget gear mei melaatskens, en dat is net bêst as je dat ha. Melaatske minsken moasten earder mei in klep rinne, in lazarusklep of in lazarusklap, dy’t se hieltyd hearre litte moasten om oare, sûne minsken hearre te litten dat se der oankamen. De wurden lazarusklep of -klap en klap- of kleplazarus binne dêrútwei ek yn gebrûk kommen foar de sykte sels. Lap- en leplazarus binne wer ûntstien út klap- en kleplazarus. Sadwaande kinne we no immen, ús baas of sa, it leplazarus tawinskje of we kinne ús it laplazarus skrikke as de baas wer mei in nij wyld plan komt.

Hjoeddeistich managersfolk betinkt al syn plantsjes en stikjes achter de kompjûter, dat is faaks net ferkeard en modernisearje ús ferwinskingen wat. Ik tink bygelyks oan: ‘do frekte A4-skiter, krij dochs RSI oan beide hannen en dûbele byldskermmigrêne derop ta.’

Takomme woansdei wer fierder.

april 3, 2024 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.