Konsert Fokaal Ensemble Ljouwert yn Goutum

april 3, 2024 08:52 Fernijd

Vocaal Ensemble Leeuwarden jout op sneon 13 april in konsert yn de Agnestsjerke fan Goutum. Foar dit konsert is muzyk út in breed palet keazen. It koar lit oan ’e iene kant muzyk út de 17e iuw hearre en oan ’e oare kant koarwurken út de Slavyske romantyske tradysje fan om 1900 hinne.

Yn de 17de-iuwske psalmen fan Sweelinck en Monteverdi en de trije geastlike lieten fan
Schütz is te hearren hoe’t de koarstimmen ûnôfhinklik byinoar lâns bewege (polyfony) en inoar yn harmonyen fersterkje (homofony). Gauris binne de bylden yn de tekst ek yn de muzyk te hearren.

De Slavyske muzyk is foar it meastepart homofoon, Dy klinkt ynbannich en floeiend en wurket mei syn typyske Slavyske klank nei in klimaks ta. It koar sjongt parten út de Fespers fan Rachmaninov en it samling fan foar koar bewurke folkslietsjes, dy’t in moaie sfeartekening fan it doetiidske libben op de Balkan jouwe.

It koar stiet ûnder lieding fan syn fêste dirigint David van Roijen. Oargelist Johan Smit en selliste Emma Zarzuela Castro fersoargje de begeliedingen en spylje ek in yntermezzo.

It konsert is yn de Agnestsjerke, Buorren 23 yn Goutum en begjint om 20.00 oere; de doar is fan 19.30 oere ôf iepen. De tagong bedraacht € 15,-.
Sjoch ek www.vocaalensemble-leeuwarden.nl

april 3, 2024 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.