Wurkatelier oer it neifertellen fan folksferhalen

maart 25, 2024 08:17 Fernijd

Yn it ramt fan it ynternasjonale projekt Lingotell, organisearret it Mercator Kennissintrum op 23 april yn Tresoar in middei oer it neifertellen fan tradisjonele ferhalen.

Foto: Tresoar

Nei in ynlieding oer folksferhalen en tradisjonele ferhalen, binne der ferskate workshops oer it omsetten fan tradisjonele ferhalen yn teäter, mûnlinge skiednis en sels escape rooms. Lingotell is in gearwurkingsprojekt tusken Sijti Jarnge (NO), Mercator/ Fryske Akademy (NL) en Pro Progessione (HU).

It ferhaal fan ‘De wylde boerinne’ is mear as in iuw yn in protte fariaasjes neiferteld. Hoe kin it dat it ferhaal minsken noch hieltyd oansprekt? Hokker karren binne der makke yn it reprodusearjen fan it orizjinele ferhaal en watfoar effekt hat dat?

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

maart 25, 2024 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.