Winner Bêste Frysktalige Redaksjestik 2023 is Diggelfjoer Wommels

maart 8, 2024 08:02

Woansdei 6 maart wie de priisútrikking fan it Bêste Frysktalige Redaksjestik fan gemeente Súdwest-Fryslân. Alle jierren ropt de gemeente doarpskranten yn Súdwest-Fryslân op om harren bêste Frysktalige stikken yn te stjoeren. Dêrmei kinne se in moaie jildpriis winne. De redaksje fan Diggelfjoer út Wommels hat it bêste Frysktalige stik fan 2023 skreaun. Dy wint dêr 300 euro mei. Op it twadde plak is de redaksje fan Diggelfjoer Fjouwer Doarpen (Rien, Itens, Hinnaard, Lytsewierrum) einige. Dy wint 200 euro.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Wethâlder Petra van den Akker fynt it wichtich dat dizze prizen útrikt wurde. Se seit: “Foar alle ynwenners is it fan belang dat se mei it Frysk yn oanrekking komme. De doarpskranten kinne dêr in moaie bydrage oan leverje. Der binne yn 2023 net in protte stikken ynstjoerd. Wy sille dit jier sjen hoe’t we dat op in oare wize ynfolje kinne.”

De winnende stikken 
It stik fan Wommels giet oer ynwenster Annette Meijer-Wijbenga. Sy hat te hearren krigen dat se MS hat. Mar se giet net by de pakken delsitten. Mei it team Mentaal Sterk fan it MS-fûns rint se mei lotgenoaten nei de top fan de Mont Ventoux, in tocht fan 21 kilometer. “In sterk ferhaal mei emoasje oer it omgean mei MS en doelen foar it libben. Oer tsjinslach wurdt ek ferteld. It ferhaal jout in moai byld fan it karakter fan Annette en is yn geef Frysk skreaun.” Sa stiet yn it sjueryrapport.

De Fjouwer Doarpen hawwe skreaun oer “It lêste rûntsje” fan molkboer Henk Feenstra út De Hommerts. Nei fyftich jier hold Henk dermei op en gie er mei pensjoen. In redaksjelid hat mei Henk op de SRV-wein it lêste rûntsje troch Rien en Itens riden. De sjuery sei it folgjende: “It artikel lêst maklik en der wurde goeie fragen steld. It is in persoanlik ferhaal fan hoe’t Henk Feenstra syn wurk die en wat er ûnderweis en yn syn wein meimakke hat. It stik is aardich geef Frysk skreaun.”

Sjuery
Der binne yn totaal acht stikken ynstjoerd fan fiif ferskillende doarpskranten. De krantsjes mochten mear as ien stik ynstjoere. De sjuery hat dizze stikken neisjoen en beoardiele op tema’s as: nijswearde, skriuwstyl, opbou, doelgroep, taalgebrûk en flaters. Yn de sjuery sitte: skriuwer Thys Wadman, sjoernaliste en presintator by Omrop Fryslân Tiete Sijens en FNP-riedslid Jikkie Ruiter-Postma.

maart 8, 2024 08:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.