Waarpraatsje: Tiisdei wat rein

maart 4, 2024 19:21

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel kreas wykein wie it moandei op in soad plakken wer in skiere dei. Tiisdei kin der wat rein falle, mar de oare dagen fan dizze wike bliuwt it, sa goed as, drûch.

Moandeitenacht bliuwt it, nei alle gedachten, drûch en op guon plakken kin it opklearje en soe wat damp ûntstean kinne. By hast gjin wyn leit de temperatuer in pear graden boppe it friespunt.

Tiisdei rekket de loft wer berûn en it reint sa út en troch. Yn ‘e moarntiid stiet der net in soad wyn, yn ‘e middei komt de wyn út it easten en wurdt er matich. It sil 8 graden wurde.

Woansdei sjogge wy de sinne ek net in soad.

Jan Brinksma

maart 4, 2024 19:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.